thumb|Snits op 'e kaart fan Willem en Joan Blaeu, út 1652. De skiednis fan Snits begûn mei it prehistoaryske bewenjen fan 'e krite dêr't letter de stêd te lizzen komme soe. Yn 'e iere histoaryske perioade late dat bewenjen ta it stiftsjen fan in feandoarpke, dat letter útwaakse soe ta Snits. De stêd ûntjoech him yn 'e Midsiuwen ta in wichtige hannelsdelsetting, al is net wis wannear't dy formeel stedsrjochten krige. De skiednis dêrfan rint fan de trettjinde oant de sechstjinde iuw. Ek yn 'e Renêssânse en de Moderne Tiid groeide de stêd troch, wat fral nei 1900 grutte útwreiding fan 'e beboude kom as gefolch hie. Nei't it sûnt it ynfieren fan de gemeentewet in selsstannige gemeente west hie, gie Snits yn 2011 op yn 'e nije gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't it plak de haadstêd fan waard.

Oarsprong De oarsprong fan 'e hjoeddeiske stêd Snits leit yn in feangebiet dat al yn de Romeinske Tiid bewenne waard. De terpen dy't om it begjin fan 'e jiertelling hinne opsmiten wiene, waarden oant likernôch de trêde iuw bewenne, mar dêrnei soe de krite ûntfolke rekke wêze. Wêrom't dat barde, is lykwols net wis. Yn 'e achtste iuw rekke it lân lykwols wer bewenne, ûnder mear by Tinga (tsjintwurdich in wyk fan Snits). Ein njoggende iuw waard der op in ophege wâl of Pleistosene sânopheging oan it feanrivierke It Ges in delsetting stifte dy't letter útwaakse ta de hjoeddeiske stêd.

Untstean as hannelsdelsetting Begjin fan de tsiende iuw waard begûn mei it ûntginnen fan 'e feangebieten besuden de delsetting, wat ekonomysk ta goede tiden foar de bewenners fan it doarpke late. Op de sânopheging waard om it jier 1000 hinne in houten tsjerkje boud (de foarrinder fan de Grutte Tsjerke). Letter waarden mear huzen set by de rin fan it rivierke lâns (tsjintwurdich de Galigastrjitte en de Alde Komerk). De delsetting soe om dyselde snuorje hinne de namme "Ter Snake" krigen hawwe, wat "lizzend op in lântonge" betsjut. Oannaam wurdt dat dêr út de Nederlânske namme Sneek en de Fryske namme Snits fuortkomd binne, mar bewiis is der net fan.

Yn 'e trettjinde iuw waarden ferskate fearten en grêften yn 'e omkriten fan Snits mei-inoar ferbûn. Sa kaam it plak oan in trochgeande farrûte te lizzen, dy't fan Starum en Boalsert oant Ljouwert en Dokkum ta rûn. Under dy fearten wiene bgl. de Geau en de Snitser Aldfeart, dy't beide noch altiten befarber binne. De Aldfeart waard eartiids lykwols fan Magna Fossa ("Grutte Grêft") neamd. thumb|Epemastate, yn Ysbrechtum.

De ûnderling yn ferbining steande wetterwegen wiene net inkeld ûnmisber foar transport – yn in tiid dat de (ûnferhurde) wegen in grut diel fan it jier foar frachtferfier ûnbegeanber wiene – mar se tsjinnen ek om it oerstallige wetter ôf te fieren. It tichtslykjen fan 'e Middelsee en de oanhâldende feanûntginning makken sa'n ôffiersysteem needsaaklik. Letter waarden ek diken opsmiten om it wetter út 'e feangebieten tsjin te kearen. Ien dêrfan is de Himdyk (tsjintwurdich de namme fan in wenwyk), dy't yn it begjin fan de trettjinde iuw beboud en bewenne rekke. Letter waarden dêr ek ferskate stinzen en binnenstêdskastielen boud foar de pleatslike adel en haadlingen. In foarbyld dêrfan is it noch besteande Epemastate, by Ysbrechtum.

Foar ûntwettering fan it mêd tusken Snits en de Middelsee yn waarden letter slûzen oanlein. De Neltsjessyl yn Snits, dy't útwettere op it earder groeven Grutsân, wie dêr in foarbyld fan. Fanwegen de slûs moast fracht op dat plak oerslein wurde, en fan gefolgen ûntstie in libbene haven, dêr't folop hannel dreaun waard. Sa ûntjoech Snits him yn sterke mjitte ta in hannelsdelsetting, dy't generaal stedsrjochten hie. Alteast, sa waard it al as sein yn in dokumint út 1294, om it even of it formeel dy status hie. Meitiid krige de stêd sa'n sterke posysje dat de Snitsers tol heffe koene op 'e trochfeart fan 'e Magna Fossa. Ek waarden regels en wetjouwing op it mêd fan hannel fêstlein. Mûglik twongen de haadlingen fan Snits, faak mei geweld of mei driging fan geweld, de omlizzende doarpen ek om harren hannel yn Snits te merk te bringen. De meast foaroansteande haadlingen út dy perioade kamen meastentiids út 'e lagen Bockema, Harinxma en Donia.

Om 1230 begûn yn Fryslân it tiidrek fan 'e saneamde "goddeleaze partijskippen", oftewol de boargeroarloch tusken Skier en Fet, dy't mear as 250 jier duorre. Yn 't earstoan hearde Snits ta it Fetkeaperske kamp, mar yn 1427 waard it de haadstêd fan 'e Skieringers. Yn 1295 wie der in grutte brân yn 'e jonge stêd Snits. Mar twa gebouwen yn 'e omkriten fan 'e Merkstrjitte kamen der ûnskansearre ôf. De brân trof ek it Alde Hospitaalkleaster, dêr't it hiele gebou yn flammen opgie en fjouwer nonnen de dea fûnen. thumb|left|Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier.

Stedsrjochten, oarloch en oanhâldende groei Yn 1417 wie der op 'e nij in stedsbrân yn Snits. Yn 1427 waard de Waach fan Snits boud. Yn 1430 waard úteinset mei it bestrjitsjen fan iepenbiere wegen yn 'e stêd. De stêd wreide him geduerich út en der waarden almar wer nije ringen mei huzen en grêften boud om 'e opheging yn 'e midden fan 'e stêd hinne. Yn 1456 waarden de Snitser stedsrjochten einlings en te'n lêsten formeel fêstlein, al hie Snits doe al oardel iuw de facto as stêd fungearre. Yn 1462 kamen de Krúsbruorren oan yn Snits, in mûntse-oarder dy't yn 1464 it kleaster Jeruzalem stiften. Yn 1463 waard ek it Griendykkleaster stifte. De Heecheinder Piip yn Snits waard yn 1492 boud, dy't letter útwreide waard ta de ferneamde Wetterpoarte. Yn 1498 waard de Martinitsjerke flink fergrutte. De namme fan 'e tsjerke ferwiist nei Sint Marten, de beskermhillige of skutspatroan fan Snits.

Underwilens wie yn 1492 de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers wer oplôge troch it ferbrekken fan it fredesakkoart troch de Ljouwerter meente, mei as gefolch dat Ljouwert yn 'e hannen fan 'e Fetkeapers kaam. Tseard Mockema, de haadling fan Dokkum, socht help by Bocka Harinxma en de oare haadlingen fan Snits. Dy giene op syn oprop yn, en in legerke Snitsers en Sleatemers teach op tsjin Ljouwert. De Ljouwerters, dy't help krigen fan 'e stêd Grins, kamen har lykwols by Barrahûs, ûnder Wurdum, oer it mad. Yn dy Slach by Barrahûs litten de Snitsers in tepletterjende nederlaach. It resultaat wie dat se har neitiid, op 14 oktober 1492, yn in fredesakkoart skikke moasten dat har oplein waard troch de Fetkeapers. Snits waard doe in hoart beset holden troch de Fetkeapers.

Mei it Ferdrach fan Snits, fan 30 april 1498, erkende Westergoa it gesach fan 'e usurpator Albrecht fan Saksen. Dêrmei kaam der yn dat gebiet, dêr't Snits ek ta hearde, in ein oan 'e Fryske frijheid en begûn de Saksentiid yn Fryslân. Snits waard yn augustus 1498 op oanstean fan Wilwolt fan Schaumberch de nije Saksyske haadstêd fan it hiele gewest Fryslân. Ljouwert wie op dat stuit noch yn 'e hannen fan 'e Fetkeapers en soe pas by it Belis fan Ljouwert, fan septimber oant oktober 1498, ûnderhearrich makke wurde oan it Saksyske bewâld. Yn maart 1500 rekke Snits syn status as haadstêd fan Fryslân alwer kwyt en waard Ljouwert as sadanich oanwiisd.

It earste fearn fan 'e sechstjinde iuw wie in roerige tiid yn Fryslân. De Saksers en harren oanhingers fochten om har macht oer Fryslân te behâlden, mar rêden dat net op en moasten úteinlik belies jaan. Se ferkochten har rjochten oan 'e Habsburger Karel V, dy't ûnder mear greve fan Hollân, Seelân en Flaanderen en hartoch fan Brabân en Limburch wie. Dyselde moast it om 'e macht oer it gewest lykwols opnimme tsjin 'e formidabele Karel fan Gelre. Dat late ta in nije boargeroarloch en ferskate Frysk-Hollânske oarloggen, dêr't guon Friezen Karel V by stipen, wylst de âlde frijheidspartij it mei de hartoch fan Gelre hold, mar úteinlik bedragen útkaam. Yn dy ûnlijige tiid libbe ek Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier. Dat wie in boer út Kimswert, dy't yn 'e striid behelle rekke. Guon sjogge syn hanneljen as dat fan in seerôver dy't de Sudersee ôfskomme, wylst oaren him sjen as in frijheistriider. Troch syn fûleindich ferset tsjin 'e Hollanners en de Saksers groeide er út ta folksheld. Hy kearde him úteinlik ôf fan it gefjochtslibben, stoar yn 1520 en leit begroeven yn 'e Grutte- of Martinitsjerke fan Snits. Yn 1525 joech Snits him del ûnder Habsburchsk bewâld. thumb|right|De Wetterpoarte, it symboal fan Snits.

Renêssânse Om 1530 waard begûn mei de bou fan stedswâlen, mar dy hawwe militêr net folle betsjutting hân. Se wiene ornearre om Snits te beskermjen, mar ta in belis is it neitiid nea wer kommen. De wenten yn 'e sêd waarden yn dyseldichste tiid fergnisse mei tige sierlike ynterieurs en pronkgevels. Ek waard oan 'e Merkstrjitte it eptige stedhûs boud. Meidat nije stedsdielen binnen de wâlen lein waarden, krige Snits yn dy tiid syn karakteristike hertfoarmige binnenstêd.

Nei in heale iuw fan rêst briek healwei de 1570-er jierren yn Fryslân nije rebûlje út, dy't te krijen hie mei de Reformaasje en it groeiende ferset tsjin 'e Spaanske lânshear, kening Filips II, de soan fan Karel V. Yn 1567, doe't de Byldestoarm in spoar fan fernieling yn tsjerken troch de hiele Lege Lannen loek, lôge ek yn Snits it religieuze fjoer op. In grut part fan sawol it yn- as it eksterieur fan 'e tsjerken waard mei ôfweefd. Yn 1570 rjochte de Alderheljenfloed ek in protte skea oan, mar fan in hiel oar soarte; men koe doe fan 'e Lemmer dwers oer it lân nei Snits ta sile. Yn 1582 swarde Snits mei de rest fan Fryslân Filips II as kening ôf en stelde de stêd him efter de Uny fan Utert op.

De hannel yn Snits gie it lykwols ek yn dizze ûnlijige tiden foar de wyn. Benammen de bûterhannel groeide; de bûtermerk yn Snits wie yn dy dagen de grutste fan 'e Nederlannen. De merk sels waard lettere yn 1917 sletten, wêrnei't de hannel plakfûn fanút de bûterfabriken fan 'e stêd. De bûter- en suvelyndustry fan Snits wie rjochte op 'e omlizzende krite. Oare foarbylden fan 'e regionale funksje fan 'e stêd wiene alle touslaggerijen (wêrûnder Lankhorst) drukkerijen, fervefabriken, (bou-)masinefabriken en de skipsbou. Ek wiene der sûnt de fyftjinde iuw in protte (likernôch 200) sulversmidderijen yn 'e stêd, dy't harren negoasje slieten oan 'e adel, grutboeren en begoedige boargers.

Net allinnich de stêd sels waard doedestiden noch altiten útwreide, mar ek de fearten yn 'e omkriten waarden oanpakt. Snits wie nei de oanlis fan De Swette (of Ljouwerter Trekfeart) yn 1661 fanút seis farrjochtingen berikber. Yn 1693 krige de stêd foar it earst strjitferljochting. thumb|left|250px|It Eksersysjegenoatskip fan Snits yn 1786.

De Frânske Tiid Yn 'e Patriottetiid krigen ûntefreden boargers yn Snits en oare stêden in posysje fan kwizekwânsje yn 'e froedskip, doe waard ek it saneamde Eksersysjegenoatskip fan Snits oprjochte, in soarte fan skutterij. Dêrmei kaam de posysje fan steedhâlder Willem V yn 'e knipe, dy't earder hast alle beneamings behearske. Doe't it yn septimber 1786 de eksersysjegenoatskippen ferbean waard om ûnderling te oerlizzen, eskalearren de swierrichheden. Der ûntstie benei in situaasje fan in boargeroarloch, en de steedhâlder loek him werom yn Nimwegen. Mei help fan it leger fan syn sweager, kening Freark Willem II fan Prusen, koed er de macht úteinlik weromwinne. Doe waarden ek yn Snits alle feroarings ûngedien makke.

By de Bataafske Revolúsje, yn 1795, kaam de hiele Republyk fan de Feriene Provinsjes ûnder Frânsk bestjoer te stean, en mei Snits wie dat net oars. Yn dy snuorje waard ûnder it bewâld fan 'e Frânske keizer Napoleon yn 1811 de Rjochtbank fan Snits stifte. Ein achttjinde iuw wie in bekend moadeferskynsel yn 'e stêd it oanbringen fan klassisistysk oandwaande gevels. Dy trend wie oerwaaid út Amsterdam, dêr't in soad grêftepannen sokke fersierings ek hiene.