thumb| Otterlo is in esdoarpBijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos. yn de Nederlânske gemeente Ede, provinsje Gelderlân. It doarp en it omlizzende bûtengebiet hat 2380 (2006CBS Statline, 1 jannewaris 2006) ynwenners.

Yn 2005 waard it 1150-jierrich bestean fan Otterlo. It efterheaksel loo is in âlde benaming foar in bosk. De namme waard eartiids ek wol skreaun as Otterloo. Dizze twa nammen waarden ôfwikseljend brûkt. Dit is noch werom te sjen op âlde ansichtkaarten.

It besjen wurdich Tichtby Otterlo leit it Nasjonaal Park De Hege Feluwe. Hjir is ek ien fan de yngongen fan dit park. It yn it park lizzende Kröller-Müller Museum, neamd nei Helene Kröller-Müller, hat in kolleksje skilderijen en byldhoukeunst fan ûnder oare Vincent van Gogh, mar ek in renomearre kolleksje byldhoukeunst yn it Byldenpark fan it Kröller-Müller Museum. Dêrneist stiet yn Otterlo it Nederlânsk Tegelmuseum en it Reade Krúsmonumint.

By de Planken Wambuiswei lâns rjochting Ede stiet oan de rjochterkant it Utsjochpunt Valenberg.

Berne Evert van Milligen (1948), registeraccountant, bestjoerder (û.o. fan Otterlo's Belang) en politikus (wethâlder fan Ede sûnt 2008)

Keppelings om utens Otterlo.nl Otterlo.com

Kategory:Plak yn Ede Kategory:Eardere gemeente yn Gelderlân