200px|thumb|Side út in edysje fan it Llyfr Du Caerfyrddin troch J. Gwenogvryn Evans (1907)

It swarte boek fan Carmarthen (Welsk: Llyfr Du Caerfyrddin; Ingelsk: Black Book of Carmarthen) is in manuskript dat út de 13e iuw stamt en dat folslein yn it Welsk skreaun is. De Nasjonale Bibleteek fan Wales yn Aberystwyth hat it manuskript op 'e noed.

De namme ferwiisd nei de kleur fan it omslach en nei it plak dêr’t it hânskrift ûntstien wêze soe: de Priorij van Jehannes de Evangelist en Teulyddog yn Carmarthen.

Der wurdt tsjintwurdich oannaam dat it manuskript it wurk is fan ien skriuwer dy't om 1250 hinne libbe. Hy soe der út en troch yn syn libben oan wurke hawwe.Llyfrgell Genedlaethol Cymru - National Library of Wales : Black Book of Carmarthen

It manuskript befettet poëzy út mear as ien kategory: sawol religieuze as wrâldske tema's komme yn besprek, lof- en roukleisangen, mar it meast opfallend binne de fernijingen fan legindaryske figueren sa as Arthur en Merlyn.

Keppeling om utens Teksten út The Black Book of Carmarthen yn it Welsk en Ingelsk

Sjoch ek Wite boek fan Rhydderch Reade boek fan Hergest Boek fan Taliesin

Kategory:Welsktalige dichtbondel Kategory:Midwelske literatuer Kategory:Midsiuwske dichtbondel Kategory:Skiednis fan Wales