De Harinxmabrêge, foarhinne: Elektryske Brêge, yn de folksmûle: Sperkhimbrêge, Wouda's brêge, is in ophelbrêge yn Snits. Hy leit oer de súdrin fan de Stedsgrêft, dy't de haadfarrûte fan de stêd is.

Bou De brêge is boud yn 1920, mar it duorret oant it jier derop ear't dy ôfmakke wurde koe, troch temin izer yn Nederlân.

Restauraasje Yn 1985 waard de brêge restaurearre, dêr't parten fan de izerene konstruksje wer by brûkt binne; oare bysûndere meganyske komponinten binne folslein ferfongen. De nije parten binne dêrby sa yn it byld fan de brêge ynpast, dat it oansjen fan de brêge hast net feroare is.www.bruggenstichting.nl

De brêge is part fan it ryksmonumint Stedsgrêft Snits.ODB:Ryksmonumintnr: 34077 Snits Dêrtroch mochten oan de brêge gjin kamera's, spegels ensafuorthinne pleatst wurde.

Sjoch ek Brêgen yn Snits

thumb|left|Brêge: likernôch 1924.

Kategory:Brêge yn Snits Kategory:Ryksmonumint yn Snits Kategory:Bouwurk út 1920