thumb|Print fan Hermana út 1622 Hessel Hermana wie in figuer út in sêge dy't ferhellet oer de skiednis fan Fryslân. Fan syn bestean binne gjin boarnen of bewizen.
Ferhaal De sêge seit oer him en syn tiid it neifolgjende: Hermana út Seisbierrum (keazen 869- ûngefear 876) soe de fjirde potestaat fan Fryslân west hawwe, de opfolger fan Adelbrik Adelen.
Yn 876 kamen de Denen ûnder lieding fan Rudolf Haraldsson yn Eastergoa om mei geweld danegeld te foarderjen. Dy Denen wienen op weromreis fan Frankryk. Der folge in slach mei de binde fan 800 "Noarmannen" wêrby't goed 500 Denen op it slachfjild sneuvelen. Rudolf Haraldsson sneuvele ek en de Friezen wûnen, mar Hessel sels kaam ek om it libben. Hy waard opfolge troch de fiifde potestaat, Igo Galema
Syn famyljewapen hat twa Fryske Heale Earnen, yn dy tiid waarden noch gjin "wapens" fierd, mar wol banieren.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Potestaat fan Fryslân Kategory:Haadling Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Legindarysk persoan Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 9e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 876