Saskatoon is de grutste stêd yn de Kanadeeske provinsje Saskatchewan. De stêd leit oan de rivier de Súd Saskatchewan.
Saskatoon hat in klimaat mei hjitte simmers en kâlde winters. Totaal hat Saskatoon sa'n 2381 oere sinne it jier, ien fan de heechste weardes fan Kanada.
Saskatoon is in wichtich sintrum foar de distribúsje fan Saskatchewan's lânbouprodukten, fral fan nôt. Mynbou is ek fan grut belang foar de stêd en omkriten.
De earste delsettingen yn wat letter Saskatoon wurde soe, kamen yn 1883 en 23 jier letter waard it plak offisjeel in stêd. De namme fan de stêd is ôflaat fan it Kreewurd mis-sask-quah-toomina wat in lokaal foarkommende frucht is.
Saskatoon wurdt wol The City of Bridges neamd fanwege de 7 brêgen dy't it hat. It ynternasjonale fleanfjild fan Saskatoon is ferneamd nei de eardere minister-presidint fan Kanada John Diefenbaker.
Partnerstêden Umeå, Västerbotten, Sweden Shijiazhuang, Hebei, Folksrepublyk Sina Keulen, Noardryn-Westfalen, Dútslân Tampere, Pirkanmaa, Finlân
Berne yn Saskatoon Joanna Glass (* 1936), skriuwster Roy Romanow (* 1939), politikus Catriona LeMay-Doan (23 desimber 1970), reedrydster Edith Wiens (* 1950), operasjongster Dafydd Rhys Williams (* 1954), astronaut
Keppeling om utens Toeristeside Saskatoon''
Kategory:Plak yn Saskatchewan Kategory:Plak stifte yn 1883