Goslar is in plak yn de Dútske dielsteat Nedersaksen; it stedsje leit yn 'e lânkring Goslar oan de noardrâne fan de Harz, sa'n 50 km besuden Braunschweig. De Gose, in sydrivierke fan de Oker, rint troch de stêd. De Gose wurdt yn Goslar Abzucht (ôffierkanaal) neamd omdat it wetter dat út de Rammelsbergminen komt, jusjes foar de binnenstêd yn de Gose streamt.
Njonken de stêd mei 8 Ortsteile binne yn 1972 noch 10 oare Ortsteile by Goslar yndield. Under dy Ortsteile heart ek it wintersportoarde Hahnenklee mei syn Gustav Adolf-staaftsjerke.
Sûnt 1992 steane de histoaryske binnenstêd mei de Rammelsbergminen en it Wetterbehearsysteem fan 'e Oberharz op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Fan 1935 oant 1945 wie Goslar in wichtige garnizoensstêd foar de Wehrmacht
Groei fan befolking Jier Ynwennertal 1821 7547 1848 9748 1871 11.900 1885 15.997 1905 23.640 1925 27.881 Jier Ynwennertal 1933 29.538 1939 34.371 1946 47.855 1950 53.804 1956 53.236 1961 54.151 Jier Ynwennertal 1968 53.819 1970 52.649 1975 53.963 1980 52.556 1985 49.636 1990 46.251 Jier Ynwennertal 1995 46.142 2000 44.278 2005 43.119 2010 40.989 2019 50.554 2024 50.253
Ofbylden histoaryske binnenstêd
Berne yn Goslar Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk (1050–1106), Kening fan Dútslân en keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Wilhelm Ripe (1818-85), skilder en grafikus. Albert Niemann (1834–1861), skiekundige en apteker; hat de ûntdekking fan kokaine op syn namme. Ernst Pistulla (1906–1944), Dútsk bokser. Die mei oan de Olympyske Simmerspullen 1928. Heinz Günther Guderian (1914–2004), offisier yn de Wehrmacht, letter ynspekteur pantsertroepen yn de Bundeswehr en NATO. Volker Bartsch (1953), skilder en byldhouwer. Mathias Hain (1972), fuotballer. Aaron Hunt (1986), fuotballer.