De gedrachsbiology of etology is in ûnderdiel fan de biology, dêr't it gedrach fan bisten sintraal yn stiet.

Gedrachsbiology hâld him mei fiif soarten fan ûndersyk dwaande: Gedrachsbeskriuwing It meitsjen fan in beskriuwing fan it gedrach fan in bist sûnder dat dêr in útlis oan jûn wurdt. Motivaasjeûndersyk It fêststellen, mei help fan de statistyk, fan hokfoar oanliedings ta hokfoar gedrach liede. Funksjeûndersyk It neigean fan de betsjutting fan it gedrach, en dan benammen de betsjutting foar it oerlibjen fan de soarte. Untwiklingsûndersyk It efterheljen fan de omstannichheden dy't liede ta it oanlearen fan spesifyk gedrach. Ferlykjende gedrachstúdzje It bestúdearren fan de ûntwikling fan gedrach troch de tiid, troch it ferlykjen fan it gedrach fan ferwante soarten fan bisten.

Ek fan de psychology út, yn de ferlykjende psychology, it behaviourisme as de learpsychology, wurdt it gedrach fan bisten bestudearre. Lykwols is dêr it ûndersyk úteinlik rjochte op in better begryp fan it gedrach fan minsken.

Bekende etologen Gerard Baerends Karl von Frisch Jane Goodall Bert Haanstra Maarten 't Hart Jan van Hooff Adriaan Kortlandt Konrad Lorenz Niko Tinbergen Frans de Waal Ivan Pavlov

Kategory:Dierlik hâlden en dragen Kategory:Biology