Truerd is in weinamme en delsetting eastlik deun tsjin Stiens oan yn de gemeente Ljouwert. De namme komt ek foar as Truurd, Truerderdyk, Truird , Truyrd en Rijwert. De delsetting hat twa pleatsen. Ien dêrfan, "Donastate", is hjoed-de-dei in bernebuorkerij.
De buorskip is ûntstien op in terp. Yn 1409 kaam it plak foar as Truyerd. Dy âlde namme, en ek Triuwerd is in gearfoeging fan "triu" (beam) en "werd" (wierde (wier). De terp is foar it grutste part egalisearre.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Stiens Kategory:Buorskip yn Ljouwerteradiel Kategory:Buorskip yn Ljouwert (gemeente)