Schortens (Nederdútsk: Schörtens) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente leit yn 'e lânkring Fryslân. Schortens is nei Varel de grutste stêd yn 'e lânkring en leit goed 6 kilometer fan Jever.
Skiednis By opgravingen yn 'e jierren 1970 waarden grêven ûntdutsen, wêrút bliken die dat der al yn 'e 5e iuw in iere minsklike delsetting yn it gebiet fan Schortens wie. Yn 1158 waard Schortens foar it earst neamd as "Scrotinh" yn in akte fan paus Hadrianus IV. Letter feroare de namme yn "Scrotinghe". Yn 1400 waard it plak "Schortense" neamd.
thumb|left|Sint-Stefanustsjerke. De Sint-Stefanustsjerke yn Schortens waard koart nei 1153 boud nei oanlieding fan in oerwinning fan de Östringers tsjin in oermacht.
Yn 'e midsiuwen stie it kleaster fan Oestringfelde, dat ek as frijplak tsjinne, tige bekend om syn hynstefokkerij.
De oanlis fan it spoar mei Jever yn 1871 droech by oan 'e ûntwikkeling fan Schortens. En ek de marinebasis Wilhelmshaven droech tige by oan 'e groei fan Schortens. In soad arbeiders setten har yn it lettere sintrum fan Schortens nei wenjen. Yn 1936 waard in loftmachtbasis yn Upjever iepene, dy't hjoed-de-dei noch altyd troch de Luftwaffe brûkt wurdt. Tusken 1945 en 1951 waren op de basis 1.500 minsken opfongen út konsintraasjekampen, fral joaden út Bergen-Belsen, dy't dêr op harren emigraasje wachten.
Nei de oarloch hie Schortens te krijen mei in grutte stream flechtlingen út it easten. Ek de komst fan it typmasinefabryk Olympia yn Roffhausen fuort nei de Twadde Wrâldkriich joech in wichtige bydrage oan 'e groei fan it plak. Om 1970 hinne hie dat fabryk wurk foar 12.000 minsken. De Olympia-fabriken moasten yn 1992 de doarren slute.
Schortens krige stedsrjochten op 21 jannewaris 2005. Sûnt 1 juny 2005 is de stêd Schortens in selstannige gemeente.
Stedsyndieling en befolkingsûntwikkeling De stêd omfiemet de tolve Stadtteile Schortens, Heidmühle, Grafschaft, Accum, Sillenstede, Schoost, Roffhausen, Middelsfähr, Addernhausen, Oestringfelde, Ostiem en Upjever.
Wylst Schortens, Heidmühle, Oestringfelde en Ostiem tegearre in oanienrige bebouwing foarmje mei likernôch 13.000 ynwenners, giet it by de oare plakken om los lizzende, lytsere doarpen mei ynwennertallen fan likernôch 150 (Schoost) oant sa'n 2.100 (Sillenstede) ynwenners.
Dêrnjonken hat ek it wenplak Weißenfloh in komboer.
+ Befolkingsûntwikkeling fan Schortens (1791–2023) Jier 1791 1816 1871 1890 1910 1930 Ynwennertal 1.130 1.356 1.770 1.865 3.272 4.052 Groei — +20,0% +30,5% +5,4% +75,4% +23,8% Jier 1950 1960 1971 1981 1991 2001 Ynwennertal 7.980 9.805 18.222 20.044 19.796 21.371 Groei +97,1% +22,9% +85,8% +10,0% -1,2% +8,0% Jier 2011 2023 Ynwennertal 20.339 20.932 Groei -4,8% +2,9%
It besjen wurdich thumb|left|Mûne fan Accum. De Sint-Stefanustsjerke yn Schortens waard tusken 1153 en 1168 op in terp boud en is de âldste wis datearre stiennen tsjerke op it Eastfryske skiereilân. De tsjerke besit in 15e-iuwsk doksaal, in goatysk retabel en in oargel út 1686 fan Joachim Kayser. De Sint-Florianustsjerke yn Sillenstede waard yn 1233 foltôge en is hielendal fan granytblokken boud. Yn 'e tsjerke is in doopfont út 1250, it passy-alter út 1515/1520 en in oargel út 1757 te sjen. De Mûne fan Accum is in stellingmûne út 1746 mei in hichte fan likernôch 18 meter. De Sint-Willehadustsjerke yn Accum is in ienfâldige, monumintale tsjerke út 1719. It is de iennige kalvinistyske tsjerke yn in fierders lutherske krite. Yn 'e tsjerke stiet swart-moarmeren dûbelgrêf foar haadling Tido von In- und Kniphausen en syn frou. Yn Oestringfeld stiet in wolvegalge ta oantinken oan 'e lêste wolf dy't hjir yn 1738 deasketten waard.
Kategory:Fryslân (Nedersaksen) Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Gemeente yn Nedersaksen