Bordelum (Noardfrysk: Boorlem) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Mittleres Nordfriesland en hat 2.040 ynwenners.

Geografy It gemeentegebiet fan Bordelum heart ta ferskate geologyske formaasjes. It lege sompige part yn 'e gemeente wurdt foarme troch fjouwer polders (it jier fan yndykjen stiet tusken heakjes):

Sterdebüller Alter Koog (om 1466 hinne) Sterdebüller Neuer Koog (om 1520 hinne) Bordelumer Koog (om 1520 hinne) Frau-Metten-Koog (1721)

Noardeastlik dêrfan leit de 43,4 hege Stollberg oan, in dielgebiet fan de Hohe Geest. Op 'e Stollberg leit in wetterboarne, dy't ek wol de Fositeboarne neamd wurdt. By de Fositeboarne soe Fosite de De tolve asega's it Fryske rjocht ferteld hawwe. By de boarne stiet in boerd mei dêrop in beskriuwing fan dy sêge.

Gemeente-yndieling Yn it jier 1934 waarden de karspel-plattelânsgemeenten (Kirchspielslandgemeinden) yn Sleeswyk-Holstein opheft. It wie it foarnimmen dat út de karspel-plattelânsgemeente Bordelum de nije plattelânsgemeenten Bordelum, Büttjebüll, Dörpum en Sterdebüll foarme wurde soene. Dat beslút waar lykwols mei yngong fan 1 desimber 1934 weromdraaid, sadat it by de iene plattelânsgemeente Bordelum bleau.

It gemeentegebiet fan Bordelum bestiet hjoed-de-dei út de folgjende alve Ortsteilen

Offisjele Dútske namme Noardfryske namme Deenske namme Addebüll Adebøl Büttjebüll Bötjebel Byttebøl Dörpum Toorpem Dørpum Dörpumfeld Toorpemfäil Dørpummark Ebüll Äbel Ebøl MargarethenbergSjoch foar it ûntstean fan 'e namme by it Schleswig-Holsteinischer Zeitungsverlag: 1831 hingerichtet: Margaretha Hansen – Mord aus Leidenschaft, fan 11 novimber 2008; opfrege op 31 maart 2016; De heuvel moat net betiizge wurde mei de net sa fier ôflizzende Nonnenberg by Flensburg, dy't ek wolris Margarethenberg neamd wurdt. Ost-Bordelum Ost-Bordelumfeld Sterdebüll Sterdebøl Stollberg Stolbjerg Uphusum Ophusum West-Bordelum'

Ofbylden

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein