Pyter Jentjes Rollema (Snits, 10 oktober 1786 - dêre, earder as 6 augustus 1845) Memories van successie - Tresoar, openarchiveswie in Nederlânsk arsjitekt. Hy is benammen bekend fan syn wurk as stedsarsjitekt fan Snits.Nationaal Architectuur Instituut: Pyter Jentjes Rollema (deade kepp.)

Rollema wie de soan fan Jentje Heerkes Rollema en Angenieske Pyters Augustinus.Friesland-genealogy: Rollema, (deade kepp.) Hy boaske yn 1808 oan Antje Lieuwes de Vries (1783-1852)Bevestiging huwelijk, openarchives fan De Gaastmar.Antje Lieuwes de Vries (1783-1852), genealogieonline.nl

Yn 1826 wurdt er arsjitekt yn tsjinst fan de stêd Snits en ûntwerpt er ferskate ferneamde gebouwen. In protte fan syn gebouwen binne der noch en binne wilens ryksmonumint wurden. Fan syn hân binne ûnder oaren de gebouwen dy't hjoed-de-dei tsjinje as Frysk Skipfeart Museum, it pân Kleinzand 32 (Weduwe Joustra®-bearenburch), de Rjochtbank Snits en de Doperske tsjerke oan de Singel.

Nei syn ferstjerren waard er opfolge troch arsjitekt Meinse Molenaar.

Njonken arsjitekt wie Rollema ek regint fan it Steds Earmhûs yn Snits. Getuigschrift, Algemeen Handelsblad, 15 april 1844

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1786 Kategory:Persoan stoarn yn 1845