Aldwâldmersyl is in buorskip yn de himrik fan Aldwâld. Aldwâldmersyl leit noardlik fan Aldwâld, súdeastlik fan Ie en noardwestlik fan Kollum. Troch Aldwâldmersyl rint de Aldswemmer wêr't in brêge oer hinne rint mei deselde namme as de buorskip, hjir lei eartiidsk in slûs.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Wâlddyk. It buorskip bestiet út twa huzen en in pleats noardlik fan de Aldswemmer en ien hûs súdlik fan de Aldswemmer. De adressen binne Wâlddyk 5, 6, 7 en 9.

Skiednis

Unstien De buorskip is ûnstien by in syl yn de Wâlddyk dêr't de Aldswemmer yn it Dokkumer Grutdjip streamde.

Stins By Aldwâldmersyl lei yndertiid de Gauckemastins. Dy stins waard bewenne troch de famylje Gauckema dy't besibbe wie oan de famyljes Remmersma út Dokkum, Mellema út Eastrum en Bootsma en Van Meckema út Kollum. Letter gie de sate oer nei de famylje Galama. Yn 1700 waard noch sprutsen fan in "zate omtrent Oudwoudmerzyl".Braaksma K., Gauckema stins te Oudwoude. Stinsen en States in Friesland 2018. Sjoch: Stinseninfriesland.nl.

Namme De namme komt ek foar as Oudwouderzijlen, Oldwoldumer Zyl en Aldwâldmer Syl.

Gemeentelike weryndieling Sûnt 2019 leit Aldwâldmersyl yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de buorskip yn de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.

Sjoch ek Mâlegreefsgat Swemmer Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Aldwâld Kategory:Buorskip yn Kollumerlân Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân