Mette-Marit Tjessem Høiby (Kristiansand, 19 augustus 1973), prinses fan Noarwegen, is de frou fan Haakon VIII fan Noarwegen en is de jongste dochter fan sjoernalist Sven Olaf Bjarte Høiby (1936-2007) en Marit Tjessem.

As allinnsteande mem fan ien soan, Marius Borg Høiby (13 jannewaris 1997), moete se kroanprins Haakon yn 1999. It pear ferloofde him op 1 desimber 2000 en troude op 25 augustus 2001 yn Oslo.

Mei Haakon krige sy noch twa bern. Op 21 jannewaris 2004 befoel prinsesse Mette-Marit fan in dochter, Ingrid Alexandra. Op 3 desimber 2005 waard in soan berne, Sverre Magnus.

Kategory:Gemaal fan in kening fan Noarwegen Kategory:Ridder Grutkrús yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1973