Sandra Nasić (Göttingen, 25 maaie 1976) is in Dútsk sjongster en de dochter fan Kroätyske ymmigranten. Nasić makke har debút yn de band Guano Apes, mar is sûnttiids oergien op in solo-karriêre. Har earste solo-album, The Signal, waard útbrocht op 28 septimber 2007. Sandra's stim soarget foar agressive rock-sjongen. Fan harsels hat se brún hier, mar hja fervet it blûn. System of a Down, Deftones en Korn binne Sandra's favorite bands. Yn 2001 krige se in EinsLive Krone award foar 'beste sjonger'.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Proud Like a God6 oktober 1997Guano ApesOpen Your Eyes,Rain,Lords of the BoardsDon't Give Me Names2 maaie 2000Big in Japan,No Speech,Living in a Lie,Dödel UpWalking on a Thin Line25 maart 2003You Can't Stop Me,Pretty in Scarlet,QuietlyThe Signal 16 oktober 2007Sandra NasićBel Air1 april 2011Guano ApesOh What a Night,Sunday Lover,This Time,When the Ships ArriveOffline30 maaie 2014Close to the Sun
As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Path Vol. 2 Cult2001ApocalypticaRepressed2006
Kategory:Dútsk sjonger Kategory:Dútsk hardrockartyst Kategory:Dútsk metalartyst Kategory:Dútsk persoan fan Kroätysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1976