Dirk de Zee (Deinum, 8 april 1904 - It Hearrenfean, 13 july 1985) wie in Nederlânsk politikus.

De Zee wie in soan fan de Fryske skriuwer Sjouke de Zee. Hy gie nei de hbs yn Ljouwert en waard doe volontair by de gemeentesekretary fan Idaarderadiel. Yn 1935 waard hy gemeentesekretaris yn Baflo. Koart nei de Twadde Wrâldoarloch folge hy Willem Frederik van Spengler op as boargemaster yn dy gemeente. Yn 1958 ferruile hy Baflo foar It Bildt. Sân jier letter makke hy gebrûk fan de vut-regeling.

De Zee ferstoar yn de âldens fan 81 jier.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan It Bilt Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Deinum Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1985