Doanjewier of Dúnjewier is in delsetting west fan Skraard en súdeast fan Wûns, dêr't er offisjeel ek ûnder falt, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De buorskip leit oan in sydreed fan de Wearsterwei en bestiet út twa pleatsen.

Skiednis De buorskip leit yn 'e Doanjewierpolder, dy't yn 'e rin fan 'e 20e iuw part fan 'e Polder De Wearen wurden is.

De namme komt ek foar as Donya waer, Doeygwier, Duingewier, Doinwier, Doniawier en as lânnamme Domewiere meden.

De namme is in gearstalling fan "wier" (terp) en de famyljenamme "Donia", ûntstien út Dodinga, in ôflieding fan 'e manljusnamme Doede dy't de grûnbetsjutting "folk" hat.

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Wûns Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân