Berchhuzen is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Berchhuzen leit westlik fan Easternijtsjerk en Bollingwier. Berchhuzen leit yn de himrik fan Easternijtsjerk.

De bebouwing leit oan de dea-rinnende wei mei deselde namme Berchhuzen. De kearn bestiet út 6 adressen.

Benoarden Berchhuzen rint De Peazens.

Skiednis Namme De namme komt ek foar as Berghusen, Berghuijsen, Berghuizen en yn Berchuystre meden en Berchhuzerwei.

Gemeentelike weryndieling Sûnt 2019 leit Berchhuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

Berne Froukje Annema, skriuwster

Sjoch ek Fryske doarpen/buorskippen/delsettings

Kategory:Easternijtsjerk Kategory:Buorskip yn East-Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân