thumb|Oosterhoff (1961) Pieter Theodorus Oosterhoff (Ljouwert, 30 maart 1904 - Leiden, 14 maart 1978) wie in Nederlânsk astronoom.

Hy wie mei-administrateur tegearre mei Jan Oort fan de Stjerrewacht Leien yn Nederlân.

De artikels dy't er publisearre hat geane meast oer feroarlike stjerren en fotometry. Hy is it meast bekend wurden fan syn artikel út 1939 dêr't er yn ûntduts dat der twa populaasjes bolfoarmige stjerrenbulten binne, grûnfêste op de perioades fan harren RR Lyrae feroarlike stjerren. Oosterhoff, P. T., Some remarks on the variable stars in globular clusters yn The Observatory, 1939 diel 62, siden 104–109 Dy twa populaasje wurde no nei him neamd: Oosterhoff kloften.

Tusken 1951 en 1952 wie hy assistint sekretaris-generaal fan de Ynternasjonale Astronomyske Uny, en wie er sekretaris fan 1952 oant 1958. Yn 1954 wie er ien fan de tolve Europeeske astronomen dy't in memorandum skreaune dat útrinne soe op de foarming fan de ESO.

De planetoïde 1738 Oosterhoff is nei him neamd.

Keppeling om utens Publikaasjes fan Pieter Theodorus Oosterhoff

Kategory:Frysk astronoom Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk astronoom Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1978