thumb|It plak dêr't de Pelfinne stie, yn 't midden Jouswier De Burch of Pelfinne wie in stins oan de Súd Ie tusken Mitselwier en Jouswier, gemeente Noardeast-Fryslân, earder Dongeradiel. Fan de stins is neat werom te finen, it is no in stik lân.
Begjin 15e iuw wurdt foar it earst oer De Burch skreaun. De wichtichste stins yn Mitselwier wie Ropta. Dêrneist wienen de âlde haadlingehuzen Wibaldastate en Jaersmastate der noch. Alletrije machtsposysjes waarden al neamd yn 1422.
Yn 1511 wie Sybren Ropta syn soan Focke Ropta, yn de list fan eallju fan 1505 ek neamd, eigener fan Roptastate. Ien fan syn pachters wenne up den Burch. Dêr sil grif net de Roptastins mei bedoeld wêze, mar it strategysk oan de Suderie lizzend hûs Pelfinne. Fokke Ropta junior fan Roptastate troude mei Graets fan Eysinga. Neist Grut- en Lyts-Ropta en De Burch hie er noch in soad oare pleatsen en stikken lân yn eigendom ûnder de doarpen Eanjum, Ljussens en Moarre en in hûs yn Dokkum. Hy wie sadwaande ek de rykste man fan de gritenij.
Focke fan Ropta ferstoar frij jong yn 1512 krektas syn frou. De iene ferstoar op 24 juny, de oare op 4 july.
Bewenners Sybren Ropta (?) - 1512 Focke Sybrens fan Ropta, troud mei Graets fan Eysinga 1512 - 1551 Worp Fockes fan Ropta (?)
Kategory:Mitselwier Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Dongeradiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 16e iuw