De Golle wie in blêd oer Fryske literatuer.

It waard oprjochte troch in tal yn Amsterdam studearjende Fryske jongeren, feriene yn de jongereinwurkgroep 'De Mieren'. Dy seagen tydskrift De Tsjerne as in ferkalke blêd fan de fêstige oarder, fan “minsken dy’t arrivé wiene”. It nivo wie harren te leech en út ûnfrede oer de mentaliteit fan De Tsjerne-redaksje rjochten se yn 1953 it blêd De Golle op ûnder redaksje fan H.J. Brouwer, dat nei trije nûmers fierder gie ûnder de namme Quatrebras (fjouwersprong).

De redaksje fan Quatrebras makke har sterk foar foarmfernijing fan de Fryske literatuer en liet har ynspirearje troch ûnder oare de Kobra-beweging en de Fyftigers.

Kategory:Frysktalich tydskrift Kategory:Frysk literêr tydskrift Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1953 Kategory:Krante of tydskrift opheft yn 1954