Nikolaas fan Myra (mûglik likernôch 270 berne yn Patara - 6 desimber 343) wie biskop fan Myra. Syn nammedei wurdt fierd as Sinteklaas.
Der is net in soad ynformaasje bewarre bleaun oer Nikolaas fan Myra. Wat der al bekend is kin in betizing wêze mei oare hilligen mei deselde namme of is legindarysk. Dochs is Nikolaas ien fan de bekendste hilligen en Fryslân allinne telde eartiids al mear as fjirtich parochy's dy't nei de hillige ferneamd wiene.
Nikolaas wie in soan fan begoedige en strang leauwige âlden. Hy waard neamd nei syn omke dy't biskop wie, en dy't him doe't er njoggentsjin wie ta preester wijde. Sûnt 318 wied er sels ta biskop wijd. Hy soe him op it Earste Konsily fan Niseä as fûl tsjinstanner fan it Arianisme opsteld ha.
Nei syn ferstjerren waard Nikolaas begroeven yn Myra. Mei't de islamityske Seltsjoeken it lân oermasteren en syn hillichdom bedrigen, waarden syn reliken yn 1087 oerbrocht nei de Italjaanske stêd Bary, dêr't se sûnt rêste.
Sint-Nikolaas is de patroan fan Ruslân en Amsterdam en tal fan oare plakken. Libben thumb|left|250px|Sint-Nikolaas rêdt trije ofsieren it libben (Ilja Repin) Wat ús bekend is oer Nikolaas waard nei alle gedachten ynearsten mûnling oerlevere en letter op skrift steld. Histoarysk bewiis oer it libben fan Nikolaas fan Myra bestiet benammen út boarnen nei syn ferstjerren. De âldste boarne foarmet de saneamde Praxis de Stratelatis, in anonym Gryksk ferslach, dat earne tusken de fyfte en de sechde iuw stamt mei dêryn it ferhaal dat Nikolaas trije ûnskuldige ofsieren fan de eksekúsje rêdt.
Ut de 8e iuw datearret de âldste en earste komplete libbensbeskriuwing, in vita fan Michael de Archimandryt.https://www.stnicholascenter.org/who-is-st-nicholas St. Nicholascenter Ut dy boarne komt de ynformaasje dat Nikolaas yn Patara berne waard, dat yn de omkriten fan it bekendere Myra –it hjoeddeiske Demre– yn Anatoalje lei. Neffens de Vita Compilata, in oare belangrike hilligebeskriuwing, wied er it iennichst bern fan fromme en begoedige minsken.
Nikolaas as jonge man Nikolaas wie ferneamd nei syn omke, dy't biskop wie en mei't er faal betiizge wurdt. It waard al gau dúdlik dat Nikolaas syn libben oan God wije soe lykas de bibelske profeet Samuel. Der binne mear oeriekomst mei dy profeet: lykas de mem fan Samuel koe de mem fan Nikolaas gjin bern krije en lykas de mem fan Samuel ûthiet de mem fan Nikolaas ek om har bern op te dragen oan God. En krekt lykas Samuel wie Nikolaas al op iere leeftyd populêr by it folk. Hy hie al gau foar it ferstân dat er in hegere saak tsjinje soe. Samuel wie de lêste en belangrykste fan de rjochters, dy't ek keningen salvje soe. Ek dêr is in oerienkomst, want yn Nikolaas' libben waard it kristendom yn it Romeinske Ryk belangryk.
Neffens de Vita per Metaphrasten fan de hillige Simeon Magister wie Nikolaas in goede learling en besocht er regelmjittich de tsjerke. Wer mooglik holp er en al yn de âldens fan njoggentjin jier waard Nikolaas troch syn omke ta preester wijd en lei er syn kleasterûnthjitten ôf. Nikolaas hold him sekuer oan de fêsten en wie foar mannichien in foarbyld. Doe't syn omke in reis makke nei Jeruzalim mocht de noch jonge Nikolaas him yn it kleaster Nij Sion ferfange en dat died er goed. Yn de tiid fan de kristenferfolgings ûnder keizer Diokletianus moast Nikolaas om it jier 310 finzen set en martele wêze.
Nikolaas soe neffens deselde Simeon Magister ferskate kearen it Hillige Lân besocht ha. Hy woe dan in pear wike bliuwe, mar in ingel fan de Hear hjitte him dan wer om nei hûs te gean. Dat betsjutte dat syn parochy yn gefaar wie en hy syn boppeminsklike krêften tapasse moast. Ienris besocht in seeman him by de weromreis te ferrifeljen, mar Nikolaas hie it yn 'e rekken en sei: "Besykje nea wer ien te bedragen. Far nei hûs en myn seine sil mei dy wêze". Dêrfandinne stiet Nikolaas bekend as immen dy 't maklik is yn it ferjaan.
Yn syn libben soe Nikolaas faak de befolking tsjin demoanen beskerme ha. In foarbyld dêran is de ferneatiging fan de Artemistimpel yn Myra. Yn de Vita per Michaëlem joech Nikolaas de opdracht om te timpel fan Artemis ôf te brekken.
Biskop thumb|left|250px|Konsily fan Niseä Cesare Nebbia (1536–1614) Yn 325 soe Nikolaas as biskop dielnommen ha oan it konsily fan Niceä. De belangrykste oanlieding foar it gearkommen fan it konsily wie de ûnrêst troch de lear fan Arius. Nikolaas wie in fûleindich tsjinstanner fan Arius en soe him doe in klap yn it gesicht jûn ha. De oerlevering fertelt hoe't Nikolaas nei de klap finzen set waard om ôf te kuoljen, mar yn ' nacht soene Jezus en Marije oan him ferskynd wêze om syn biskoplike weardichheid werom te jaan. Marije joech him syn pallium werom en Kristus oerlange him de Bibel. By it fierdere ferrin fan it konsylje waard by de grutte fraachstikken hieltiten neffens de miening fan Nikolaas beslist.
Alhoewol't it konsily fan Niceä goed dokumintearre is, wurdt der yn de ferslaggen gjin melding makke fan dat foarfal. Histoarysk is der in soad figelearre oft Nikolaas wol of net dielnommen hat oan it konsylje. Syn namme stiet net op ien fan de âldste listen fan de oanwêzige biskoppen. Wol stiet syn namme as 'Nikolaos fan Myra yn Lycië' op in list fan Theodorus Lector, dy't om 515 hinne opsteld is, en in pear listen út de 7e en 8e iuw. Fan de likernôch tweintich bekende dielnimmerslisten neame tsien gjin namme Nikolaas. Dêrby moat sein wurde dat dy listen net kompleet binne; faak steane der net mear as 200 nammen op, wylst der teminsten 300 dielnimmers wiene.
Syn dea thumb|left|250px|De earste Sint-Nikolaastsjerke yn Myra Nikolaas ferstoar op 6 desimber yn it jier 342 nei Kr. Foar syn tiid is er op hege leeftyd stoarn en dat hat nei alle gedachten ek de oarsaak fan syn dea west. Yn 1953 binne syn bonken ûndersocht en dêrút waard fêststeld dat er likernôch 1,67 meter lang west hat en te lijen hie fan gronyske artritis oan syn bekken. National Geographic makke mei help fan de bonken en de skedel in model fan it gesicht fan Nikolaas.
Nikolaas is ferstoarn op 6 desimber en waard begroeven yn Myra, tichteby it hjoeddeiske Demre yn it súdwesten fan Turkije, dêr't noch jimmeroan in ruïne fan de boude tsjerke te besjen is. It duorre noch oant de 6e iuw dat er as offisjele hillige fereare waard yn it Byzantynske Ryk. Nei de hillichferklearring waard yn Konstantinopel de earste tsjerke bûten Myra nei Sint-Nikolaas ferneamd. Dy tsjerke yn Myra waard yn de 8e iuw in basilyk.
Ut 6e-iuwske beskriuwings docht bliken dat de ferearing fan Nikolaas doe al belangryk wie.
Ferearing Nikolaas wie al by libben tige populêr. Dat docht bliken dat de namme foar de 4e iuw hast net foarkomt, wylst nei syn ferstjerren in soad bern nei him ferneamd waarden. It grêf waard al gau in pylgerplak en yn de 6e iuw liet keizer Justinianus I dêr de Sint-Nikolaastsjerke bouwe.
Stadichoan waard ek yn West-Europa Nikolaas bekender. Al yn de 7e iuw wie de ferearing fanút Anatoalje oer Grikelân yn Rome telâne kommen. It houlik fan de byzantynske prinsesse Theophanu mei keizer Otto II soarge yn de 10e en 11e iuw foar in fierdere fersprieding fan de kultus nei it noarden.
Bari thumb|left|250px|It grêf fan Sint-Nikolaas yn Bari Nei de Slach by Manzikert yn 1071 foel Myra yn hannen fan de islamityske Seltsjoeken. De Griken yn Súd-Itaalje makken harren no soargen oer de reliken fan de populêre hillige. Yn 1087 lannen keaplju yn Myra om de bonken mei te nimmen nei Bari. Op 9 maaie kamen hja mei de reliken werom en twa jier letter liet paus Urbanus II in spesjaal boude tsjerke ynwije, de Basilyk fan Sint-Nikolaas. Bari wie in havenstêd en in soad pylgers gyngen dêr oan board foar harren reis nei Jeruzalim en sa namen hja de ferearing fan Nikolaas mei nei oare dielen fan Europa, lykas Spanje en Frankryk en dêrnei Ingelân, it gebiet om de Alpen, Tsjechje en it Hillich Roomske Ryk.
Tsjin 1200 waard Nikolaas yn hiel Europa fereare. Yn West-Europa ûntwikkele him in jimmeroan mear folkske ferearing, wylst dy yn East-Europa foar alles tsjerklik en sakraal bleau. Yn de midsiuwen ûnstiene tal fan bruorskippen, werfan 't de leden de nammedei fan harren patroanhillige fierden.
Mei de herfoarming fan de katolike hilligenkalilnder troch it Twadde Fatikaanske Konsylje fan 1969 waard de liturgy fan de hillige Nikolaas degradearre fan in ferplichte feestdei ta in frijwillich te fieren betinking.
Yn 1997 woe Turkije fan Itaalje de reliken fan Nikolaas hawwe, mar dat fersyk waard troch Itaalje ôfwiisd.
Patroanhillige Sint-Nikolaas is patroanhillige fan skippers, skipsbouwers, fiskers, finzenen, ûnskuldich feroardielen, abbekaten, doarwarders, bankmannen, havenarbeiders, nôthannelers, kûpers, wynhannelers, skilders, aptekers, bakkers, geastliken, jongfammen, frijers, bern, prostituees en keaplju.
Yn eastersk-otterdokse lannen wurdt de hillige tige fereare. Nikolaas is boppedat de patroanhillige fan it wichtichste otterdokse lân, Ruslân. In soad havenstêden hawwe Sint-Nikolaas as beskermhillige: Aberdeen, Amsterdam, Bari, Sint-Niklaas en Kampen.
Yn Fryslân krigen mear as 40 parochy's Nikolaas fan Myra as patroanhillige: Appelskea, Blesdike, Blije, Dearsum, Dykshoarne, Eagum, Easterwierrum, Eastrum, East-Flylân, Furdgum, Gau, Harkema-Opeinde, Hijum, Hjerbeam, Húns, Iens, Koarnjum, Loaiïngea, Lollum, Miedum, Mullum, Nijeholtpea, Nijeholtwâlde, Nijemardum, Nijetrine, Nijhuzum, Nijlân, Offenwier, Aldetrine, Pepergea, Piaam, Poppenwier, Rotsterhaule, Skalsum, Sint-Nyk, Smelbrêge, Sniksweach, Sonnegea, Starum, Swichum, Wiuwert, Yndyk.
Yn Iens stiet oan de Trekfeart in stjelp mei de namme 'Sinteklazepleats'. Eartiids waard bern wiismakke dat Sinterklaas dêr berne wie.
Wapens As beskermhillige stiet Nikolaas in soad op wapens fan plakken en tsjerken. Op de wapens wurdt de biskip faak sels ôfbylde, mar somtiden komme ek de trije gouden bollen foar, dy't ferwize nei de goudsekjes dy't Sint-Nikolaas troch it finster smiet om de trije dochters fan de earme man te behoedzjen foar slavernij (sjoch ek ferhalen).
Ikonografy Yn West-Europa wurdt Nikolaas faak as biskop yn in reade mantel foarsteld. Faak draacht er trije gouden ballen, apels of pûdsjes. Ek stiet oan syn foet faak in tobbe mei trije bern.
Ferhalen Al gau nei syn dea sette de ferearing útein, mar der binne gjin dokuminten út dy tiid bewarre bleaun. Mooglik binne dy dokuminten by bibleteekbrannen yn it eardere Byzantynske Ryk ferlern gien. Yn de eardere dokuminten leit de klamp op bysûndere foarfallen út it libben fan Nikolaas, mar fral nei de 12e iuw ferskine der mirakelferhalen.
De trije fjildhearen thumb|left|Nikolaas helpt de trije ûnskuldige manlju Jan Cossiers (1600–1671) It 5e-iuwske wurk Praxis de Stratelatis is it âldste dokumint dat oer Nikolaas skriuwt. Dêryn wurdt beskreaun dat Nikolaas trije East-Romeinske legeroanfierders yn Myra útnoeget. Hja binne der tsjûge fan dat de biskop trije ûnskuldige minsken fan in eksekúsje it libben rêdt. Werom yn Konstantinopel wurde de fjildhearen it slachtoffer fan in yntrige en sels ta de dea feroardiele. Yn de tsjerker bidde hja om help fan Nikolaas, dy't dêrnei yn in dream fan de keizer ferskynt en him foar de gefolgen fan de eksekúsje warskôget, dy't opdracht jout om de trije legeroanfierder frij te litten.
De earme man en syn trije dochters thumb|260px|Nikolaas dy't goudsekjes foar de earme heit nei binnen smyt