Foarfallen Itaalje Yn Rome wurdt troch de Senaat de Lex Licinia Mucia ynfierd, Quintus Mucius Scaevola en oare magistraten easkje dat it Romeinsk boargerrjoch foar Itaaljers wegere wurdt.

Syrje Seleucus VI Epiphanes ferslaat syn styfheit Antiochus IX Cyzicenus by Damaskus, hy lit him finzen nimme en deaden. Antiochus X Eusebes sammelt in Syrysk leger en ferslaat syn omke Seleucus VI. Hy slagget der net ien it Seleusidenryk te werenigen. Antiochus X regearet yn Antiochje, yn de gaos wurdt it ryk ferdield tusken Demetrius III Eucaerus en Philippus I Philadelphus. Seleucus VI flecht nei Mopsuestia yn Silicië, de stêd wurdt troch Antiochus X belegere en ynnaam. Under it belis ferbaarnt Seleucus VI libjend yn it gymnasion.

Lyts-Aazje Tigranes II de Grote (95 - 55 f.Kr.) wurdt mei help fan Partje kening fan Armeenje. Hy moat it omkrite fan de "santich falleien" yn Atropatene (hjoeddeisk Azerbeidzjan) ôfstean oan Mitridates II.

Berne Kleopatra VI, keninginne fan Egypte en mem fan Kleopatra VII († 57 f.Kr.) Marcus Claudius Marcellus, Romeinsk konsul en steatsman († 45 f.Kr.) Marcus Porcius Cato (Cato de Jongere), Romeinsk steatsman en fjildhear († 46 f.Kr.)

Ferstoarn Seleucus VI Epiphanes, kening fan it Seleusidenryk (23) - (* 118 f.Kr.). Antiochus IX Cyzicenus, kening fan it Seleusidenryk (Syrje) (40) (* 135 f.Kr.).

Kategory:1e iuw f.Kr.