thumb|Mensje van Keulen yn 1983 Mensje van Keulen, skûlnamme fan Mensje Francina van der Steen, (De Haach, 10 juny 1946) is in Nederlânsk skriuwster.
Libben Van Keulen har debútroman Bleekers Zomer waard tige priizge en joech har fuortendaliks in plak ûnder de literêre auteurs. Earder wie se, fan 1970 oant 1972, redakteur fan it studintewykblêd Propria Cures, neist ferhalen skreau hja doe ek al gedichten, ûnder de skûlnamme Josien Meloen. Letter siet sy mei ûnder oaren Gerrit Komrij, Theo Sontrop en Martin Ros jierrenlang yn de redaksje fan it literêre tydskrift Maatstaf.
Mensje van Keulen hat teffens in tal berneboeken skreaun.
By de Europeeske ferkiezingen 2004, de Twadde Keamerferkiezingen 2006 en ek dy fan 2014, 2017 en 2021 wie sy listtriuwer fan de Partij voor de Dieren.
Persoanlik Sy hat troud west mei fotograaf Lon van Keulen, mei wa't sy in soan hat. http://www.mensjevankeulen.nl/interviews.htm Wilens hat Van Keulen al jierren in relaasje mei Roel Hazewindus.
Van Keulen is goefreon fan skriuwer Maarten 't Hart; oer him en syn foarleafde foar travesty giet it boek Geheime dame.
Bibliografy (b = berneboek) Bleekers Zomer, debútroman - 1972 Allemaal tranen, ferhalebondel - 1972 Pension - 1974 Van Lieverlede, roman – 1975 Lotgevallen, balladen – 1977 Trucjes - 1977 (ûnder pseudonym Constant P. Cavalry) De avonturen van Anna Molino – 1979 Uit de oude poepdoos – 1980 (ûnder pseudonym Josien Meloen) Overspel - 1982 De Ketting – 1983 Tommie Station – 1985 (b) (sulveren griffel) Je eerste jaar - 1986 Polle de orgeljongen - 1987 (b) Engelbert – 1987 Vrienden van de maan - 1989 (b) (Nynke fan Hichtumpriis) Van Aap tot Zet, gedichten - 1990 (b) De lach van Schreck - 1991 (sjoch ek Max Schreck Geheime Dame – 1992 Meneer Ratti - 1992 (k) Snottebel Lies, gedichten - 1994 (b) De rode strik, roman – 1994 Pas op voor Bez - 1996 (b) Olifanten op een web; autobiografyske roman, skreaun nei it ferstjerren fan har mem - 1997 Het vroege werk, heruitgave van werk uit de jaren zeventig – 2000 Donkere Dagen – 2000 Tien stoute katjes, ôftelfers - 2000 (b) De gelukkige, roman – 2001 De dames en de bal - 2002 Het andere gezicht, ferhalen – 2003 Het blauw van de Monnikskap – 2003 Een opmerkelijk portret - 2003 Titus raakt zoek - 2004 (b) Enige dagen - 2005 Alle dagen laat, deiboek 1976 - 2006 De laatste gasten - 2007 De schriften wachten - 2008 Een goed verhaal - 2009 Bobbie - 2009 De Verhalen - 2011 Liefde heeft geen hersens - 2012 Schoppenvrouw - 2016 Neerslag van een huwelijk. Dagboek 1977-1979 - 2018 Ik moet u echt iets zeggen (ferhalen) - 2020
Prizen Mensje van Keulen hat ferskate literêre prizen krigen. Ek is sy in pear kear nominearre foar in priis: Sulveren griffel (1986) Nynke fan Hichtumpriis (1991) Vlag en wimpelprijs (1993) Longlist Libris Literatuer Priis (2002) Shortlist AKO Literatuerpriis (2003) Annie Romeinpriis (2003) Longlist Libris Literatuer Priis (2004) Shortlist De Gouden Uil (2010) Shortlist Libris Literatuer Priis (2010) Charlotte Köhler-priis (2011) Constantijn Huygens-priis (2014) J.M.A. Biesheuvelpriis (2021) foar Ik moet u echt iets zeggen
Keppelings om utens Webside fan de skriuwster Profyl fan de skriuwster yn de DBNL
Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Bisterjochte-aktivist Kategory:Nederlânsk natoerbeskermer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdD-politikus Kategory:Persoan berne yn 1946