Franciscus Carree of Carré (Ljouwert of Antwerpen, ±1630 - Amsterdam?, 1669) wie in Nederlânsk keunstskilder. It is net bekend wa’t syn learmaster west hat. Hy pykte derút mei syn skilderijen fan lânskippen en doarpsfeesten. Bûten Nederlân is er lykwols net sa bekend wurden.
Biografy Frans waard om 1630 berne yn Fryslân of Antwerpen. Ynearsten wie er troch syn heit foarbestimd Jezuyt te wurden. Yn 1649 ferfear er nei De Haach foar de boask mei Janneke Padtbrugge. In oare boarne fernijt Geertruyt Buys as syn frouFrançois Carré, Universiteit fan Amsterdam, sjoen 30 juny 2016. It pear krige twa soannen, Hendrik en Michiel. Yn De Haach wurdt er lid fan it Gilde. Yn 1657 hâldt er koarte tiid yn Stokholm ta. Tusken 1658 en 1661 wenne er yn Amsterdam dêr't er in herberch hie. Nei't er fallyt gie wie, giet er werom nei De Haach. Yn 1664 wurket er as hofskilder foar Willem Freark en dy syn soan steedhâlder Hindrik Kasimir. Hy makke in ets fan de lykstaasje en katafalk fan de steedhâlder yn novimber 1664.
Carree stoar yn 1669 yn Amsterdam, De Haach of Ljouwert.
Priuwke fan syn wurk
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1630 Kategory:Persoan stoarn yn 1669