De Universiteit fan Dublin (Iersk: Ollscoil Átha Cliath) is de âldste universiteit fan Ierlân. Oars as by de ferneamde Britske universiteiten fan Oxford en Cambridge bestiet de universiteit mar út ien kolleezje: Trinity College. Trinity College is yn de praktyk in synonym foar de Universiteit fan Dublin.
De universiteit is yn 1592 stifte troch keninginne Elizabeth I as The College of the Holy and Undivided Trinity of Queen Elizabeth near Dublin.
Galery
Universiteit fan Dublin Dublin Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1592