Broeksterwâld (pleatslik ek: De Broek) is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Broeksterwâld leit noardlik fan De Falom, noardwestlik fan De Westerein en besuden Damwâld. Broeksterwâld hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. De doarpskearn fan Broeksterwâld leit benammen om de Kavelwei.
Skiednis It doarp is boud op ôf- en útfeane grûn. "Broek" betsjut "sompich lân". It hiele gebiet tusken de eardere doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld stie earder bekend as "(De) Broek". No is der westlik fan Broeksterwâld rjochting Feanwâlden en Readtsjerk noch altyd feanlân, lykas It Bûtenfjild. Nammerste mear men eastliker fan Broeksterwâlde komt, feroaret it lânskip hieltyd mear yn sângrûnen, tink dêrby oan De Sânhorst tichteby Driezum.
Lange tiid hearde de Broek, ek wol 'De Broekpollen' of 'De Ikkerwâldster Broek' neamd, as buorskip by Ikkerwâld. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan wurdt der skreaun om "de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta", om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel. Broeksterwâld is ûntstien as wenplak foar arbeidersfolk yn de omkriten.
Sûnt 1964 is Broeksterwâld in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Damwâld (Ikkerwâld) mei de namme: De Broek of De Ikkerwâldster Broek.
Broeksterwâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
It begraafplak It begraafplak fan Broeksterwâld leit op liemgrûn. Dêrtroch kin der minder soerstof by de liken komme, sadat se net fergeane. Dit ferskynsel wurdt adiposire (fersjipping) neamd.
Mienskip thumb|260px|Broekstermûne Tsjintwurdich hat it doarp in protte wenten yn de frije sektor en yn ferhâlding in soad lytse selsstannige ûndernimmers. Foar in protte foarsjennings binne de ynwenners lykwols oanwiisd op Damwâld, De Westereen of Dokkum. Om't it doarp lyts bleau is de mienskipssin grut. De Pipegaal is it doarpshûs en Broeksterwâld is ryk oan ferieningen. Der is in soad te rêden: fan konserten en toanieljûnen oant tipelwedstriden en alle jierren in doarpsfeest.
Befolkingsferrin Jier 1969 1973 2004 2008 2015 2020 Ynwenners 1.158 1.268 1.276 1.236 1.181 1.186
Tsjerken thumb|260px|Kristlike Grifformearde tsjerke (Petrusgemeente) Grifformearde tsjerke (PKN) Kristlike Grifformearde tsjerke Petrusgemeente Kristlike Grifformearde tsjerke Andreasgemeente
Skoalle Prot. Kristlike basisskoalle De Wel.
Ferieningen Fuotbalferiening Broekster Boys BSV - Broekster Sport Feriening Dit is 't wat ús bynt - reformatoaryske sjongferiening foar manlju Fûgelwacht Ikkerwâld e.o. De Haleruiters - hynsteriden It moat kinne - toaniel Sla Raek - keatsen en tipeljen Wâldflucht - dowehâlders De Wâldsjitters - kloatsjitten Winterwille - iisclub
Bekende Broeksterwâldster Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsman, politikus en berneboekeskriuwer.
Ferskaat thumb|260px|Monumint ta oantinken fan de earste Mormoanske doop Yn Broeksterwâld doopte Anne Wiegers van der Woude op 22 septimber 1861 de earste leden fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Nederlân. Op it plak fan de doop oan de Schwartzenbergloane is in monumint oprjocht. West fan it doarp stiet oan de râne fan it Bûtefjild de De Grutte Mûne út 1887. De Broekmûne oan de Schwartzenbergloane is in poldermûne út 1876 Súdlik fan it doarp leit it natoergebiet 'De Houtwiel' mei de Goddeleaze Singel, dêr't in soad spûkferhalen oer besteane.
Ynfrastruktuer Ferbinings Eastlik fan it doarp rint de Sintrale As, dêr't Broeksterwâld oer de Dwarsloane in ferbining mei hat. De N356 ferbynt Broeksterwâld mei de doarpen Damwâld en De Falom en oer de Miedloane (of de Sintrale As) mei De Westereen. Oer it Bûtefjild is in ferbining mei de Trynwâlden. Oer de Broekster Feart en de Falomster Feart is der in wetterferbining mei de Swemmer.
Bustsjinst Troch Broeksterwâld rint de folgjende busline:
Line 55: Dokkum - Drachten fia Feanwâlden
De busline troch Broeksterwâld wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Broeksterwâld.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Dantumadiel