Hotse Sjoerd Durk (Hotse) Bartlema (Skraard, 1 maaie 1911, Eindhoven, 25 maart 1987) is in earder Frysk roeier.
Yn 1936 die Bartlema mei 25 jier mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Berlyn. Hy naam diel oan it roeien yn de fjouwer mei stjoerman en de fjouwer sûnder stjoerman. Yn de fjouwer mei stjoerman waard er fjirde yn in tiid fan 7.34,7 minuten.
Yn syn aktive jierren wie Bartlema oansletten by de Amsterdamske studintenroeiferiening Nereus. Bartlema wie studint genêskunde en is letter sjirurch wurden. Hotse Bartlema ferstoar op 25 maart 1987 yn 'e âldens fan 75 jier.
Kategory:Frysk roeier Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk sjirurch Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Skraard Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1987