thumb|220px

Ratko Mladić (Servysk: Ратко Младић) (Kalinovik, 12 maart 1943 - Skeveningen, 27 augustus 2026) wie fan 1992 oant 1995 heechste befelhawwer fan de Bosnysk-Servyske troepen.

Jonge jierren Mladić waard berne yn de gemeente Kalinovik, dy't doetiids diel útmakke fan de Unôfhinklike Steat Kroaasje. Syn heit, in kommunistyske fersetsstrider dy't tsjin de Ustaše-beweging fochten hie, kaam om it libben doe't Mladić twa jier âld wie.Persoanlike trageedzjes foarmen it libben fan Mladić, Leeuwarder Courant, 14 july 1995

Bosnje-kriich Mladić waard 12 maaie 1992 heechste befelhawwer fan it doe krekt foarme leger fan de Servjers dy't yn Bosnje wennen. De Servjers woenen dat Bosnje by Servje (Joegoslaavje) bleau. Under de lieding fan Radovan Karadžić hat er in protte etnyske suveringen yn Bosnje útfierd, sa as dyn nei de fal fan Srebrenica. It op fideo fêstleine petear dat er nei de delfal fan de enklave mei oerste fan de Dutchbatters Thom Karremans hie is tige bekend wurden. De deis fan syn beneaming warskôge Mladić syn politike sjef Radovan Karadžić dat dy syn plannen om oarloch te fieren tsjin de Bosnyske Moslim- en Bosnysk-Kroatyske boargerbefolking op massamoard delkomme soe. Hy ferklearre doetiids: 'Minsken binne gjin kaaien dy't men fan de iene bûse nei de oare ferpleatse kin. Dit, hearen, is massamoard; ik wit net hoe't de hearen Karadžić en Krajišnik fan doel binne om dit letter oan 'e wrâld út te lizzen.'. (It beslút fan 12 maaie 1992 is ûnder nûmer 02-130/92 publisearre yn de 'Steatskrante' fan Republika Srpska op 26 novimber 1993, yn it nûmer 22).

Joegoslaavje-tribunaal Oanklacht en arrestaasje Mladić waard troch it Joegoslaavje-tribunaal oanklage foar genoside. Hy ferskûle him lykwols, fermoedlik yn Servje. Nei de arrestaasje fan Karadžić yn july 2008 wie er tegearre mei Goran Hadžić de lêste wichtige Servyske fertochte dy't noch net oppakt wie. De Europeeske Uny wegere oer it tatreden fan Servje by de uny te praten salang't Mladić net útlevere wêze soe.

Yn 2008 wie it hjitting dat Mladić 'foar ein augustus' oppakt wurde soe en oerlevere wurde soe oan it Joegoslaavje-tribunaal yn De Haach. It Servyske kabinet woe sa de wei frijmeitsje foar it hurd ta de EU.

Mladić bleau lykwols net te finen. Op 16 juny 2010 tsjinne de abbekaat fan de famylje in foardering by de rjochtbank yn Belgrado yn om him dea te ferklearjen, sadat syn frou neibesteandepinsjoen krije koe en de plysje gjin ynfallen mear dwaan soe yn it famyljehûs yn de hope spoaren fan Mladić te finen.Mladic te trots om zich te verbergen NRC Handelsblad, 18 juny 2010 De rjochter woe dêr neat fan witte.Mladic wordt niet dood verklaard Telegraaf.nl, 8 septimber 2010

Oktober 2010 loofde Servje in premy út foar de tip dy't ta it oanhâlden fan Mladić late soe. Wilens wie men wol bang dat Mladić himsels te koart dwan soe om in proses te ûntwinen.

Op 26 maaie 2011 waard Mladić arrestearre yn Lazarevo yn noardwest Servje. Hy soe dêr under de namme Milorad Komadic tahâlden hawwe en seach der bot âlder út as op de lêst makke foto's.Ratko Mladic Op weg naar Den Haag, BNR.nl, 26 maaie 2011 Ratko Mladic gearresteerd in Servië, de Volkskrant, 26 maaie 2011. Mladić wie mei Goran Hadžić de lêste, troch it Joegoslaavje-tribunaal oanklage, oarlochsmisdiediger. Hadžić is noch altyd op de flecht.

Mladić is 31 maaie nei Nederlân oerbrocht en fêstset yn de finzenis fan Skeveningen.Mladic afgeleverd in Scheveningen, Volkskrant.nl, 31 maaie 2011 Dêrnei waard er oerdroegen oan it Joegoslaavje-tribunaal yn De Haach fertocht fan folkemoard, oarlochsmisdieden en misdieden tsjin de minsklikheid.

Rjochtsaak en feroardieling Op 3 juny 2011 ferskynde er foar it tribunaal. Mei in berop op syn sûnens frege er om útstel fan twa moannen, dat er de oanklacht lêze en mei 'syn' advokaten beprate koe. Op 4 july 2011 waard út syn namme yn it offisjele ferslach fan de sitting oanjûn dat er 'net skuldich' pleite. Om't Mladić him net op in passende wize gedrage koe, waard de sitting sûnder him fuortset. It proses begûn offisjeel op 16 maaie 2012. Hy krige dêrnei ferskate beroertes, mar kaam der wer boppe-op. Hoewol't medyske saakkundigen him úteinlik gaadlik genôch achten om de deistige rjochtssittings by te wenjen, woene de rjochters gjin risiko nimme en beheinden se de sittings ta trije moarnen yn 'e wike. Op 7 desimber 2016 slueten de oanklagers harren pleit ôf mei de eask fan in libbenslange finzenisstraf foar Mladić.'Mladic had only one goal: the ethnic cleansing of Bosnia', NOS.nl

Op 22 novimber 2017 waard Mladić feroardiele ta libbenslang foar syn meidwaan oan en bydragen oan "mienskiplike kriminele ûndernimmings" dy't as doel hiene om genoside, misdieden tsjin 'e minsklikheid en oarlochsmisdieden te dwaan.Ald-generaal Ratko Mladić feroardiele ta libbenslang, NOS.nlMladić feroardiele ta libbenslang foar genoside yn Srebrenica, NRC Handelsblad, 22 novimber 2017Tribunaal feroardielet Ratko Mladić foar genoside, oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid, icty.org, 22 novimber 2017.

Op 8 juny 2021 waard it fûnis (libbenslange finzenisstraf) yn heger berop troch de rjochtbank befêstige.[https://nos.nl/artikel/2384166-bosnisch-servische-oud-generaal-mladic-definitief-veroordeeld-tot-levenslang Eardere Bosnysk-Servyske generaal Mladić,' definityf feroardiele ta libbenslange finzenisstraf Mladić 8 juny 2021. 2021

Yn maaie 2022 kamen der berjochten nei bûten oer de kwetsbere sûnens fan Mladić. Yn septimber fan dat jier liet syn soan Darko witte dat syn heit fanwegen in slimme sykte opnommen wie yn it finzenissikehûs yn De Haach.Soan: âld-generaal Ratko Mladić fanwegen earnstige sykte opnommen yn sikehûs yn De Haach, ad.nl, 10 septimber 2022 Op 3 juny 2025 fersike Mladić om frijlitting op medyske grûnen. Op 29 july fan dat jier oardiele it oarlochsmisdiedetribunaal fan de FN lykwols dat syn tastân "kwetsber, mar stabyl" wie en dat der dêrom gjin grûn wiene foar syn frijlitting.Oarlochsmisdiedetribunaal FN oardielet dat âld-generaal Mladić fêstbliuwe moat, NOS, 30 july 2025Rjochtbank FN wiist fersyk om betide frijlitting fan 'Slachter fan Bosnië' Mladić ôf, AFP/Barron's, 29 july 2025

Persoanlik Mladić wie troud mei Bosiljka en se hiene twa bern: in soan mei de namme Darko en in dochter mei de namme Ana. Ana stoar op 24 maart 1994, doe't se 23 jier âld wie.

Keppelings om utens Profyl Ratko Mladić Opsporingsverzoek Mladić fan Ynterpol Oanklacht fan it Joegoslaavje-tribunaal tsjin Mladic

Kategory:Bosnysk generaal Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan feroardiele foar misdieden tsjin de minsklikheid Kategory:Persoan feroardiele foar genoside Kategory:Bosnysk persoan fan Servysk komôf Kategory:Servysk nasjonalist Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2026