Lieuwe Westra (Mûnein, 11 septimber 1982 - Zwaagdijk, 14 jannewaris 2023Omrop Fryslân, 15-1-2023, Ald-hurdfytser Lieuwe Westra (40 jier) ferstoarn) wie in Fryske hurdfytser. Hy fytste sûnt 2014 foar Astana.
Karriêre Lieuwe Westra jilde by de jeugd as in grut talint, nei problemen yn syn pubertiid mei feesten, drank en drugs, tekene er yn 2006 syn earste kontrakt as professional by KrolStonE, oan it ein fan it seizoen 2008 tekene er by Vacansoleil-DCM dêr't er oant 2014 foar fytse soe.
2009-2010 Westra hie de namme fan oanfallend koerser yn it peleton en wie foaral goed yn it tiidriden. Yn 2009 die er foar it earst mei oan in grutte omgong, de omgong fan Spanje. Dêr slagge it him en einigje yn de lêste lange tiidrit as 10e. Ek waard er yn de twadde rit útroppen ta de striidberste hurdfytser yn it peleton. Yn 2010 wûn er brûns by it Nederlânske Kampioenskip tiidriden.
2011 Seizoen 2011 begûn hiel goed foar Westra. Yn de tiidrit fan de Omgong fan de Algarve waard er tredde yn it einklassemint. Hy wûn sels de Frânske klassiker Classic Loire-Atlantique. De Trijedeiske fan De Panne is ien fan de hichtepunten fan 2011, mei in twadde plak yn de earste etappe en de liederstrui nei rit twa. By it wrâldkampioenskip yn Kopenhagen waard Westra 8e by it ûnderdiel tiidriden.
2012 Seizoen 2012 begûn ek goed foar Westra; hy wûn yn de etappekoers Parys-Nice de 5e etappe, en waard twadde yn it einklassemint. Ein maaie waard bekend dat Westra him pleatst hie foar de Olympyske Simmerspullen yn Londen Omrop Fryslân 30-5-2012 Lieuwe Westra nei OS. By de Omgong fan Frankryk fûl Westra inkele kearen wêrtroch't er de omgong net út fytst hat. Op de Olympyske Simmerspullen waard Westra yn de dykwedstriid 95e en yn de Olympyske Tiidrit waard er 11e. Nei de Spullen waard Westra de Winner fan de Omgong fan Denemark
2013-2014 Yn 2013, waard Westra 8e yn it ein klassemint fan Parys-Nice, fyfde yn de Trijedeiske fan De Panne en wûn er de earste etappe yn de omgong fan Kalifornje. Under de Omgong fan Frankryk waard Westra siik en moast der yn de lêste etappe ôfstappe. Yn Augustus 2013 waard bekend dat Lieuwe foar it seizoen 2014 tekene hat by Astana.dekrantvantoen.nl, Ljouwerter Krante, 2-8-2013, Westra is Vacansoleil vooral erg dankbaar By Astana gie er oan de slach as mastersfeint foar de Italjaanske hurdfytser Vincenzo Nibali en mocht er yn lytsere koersen foar eigen kânsen ride. Yn 2014 wûn Westra de lêste etappe yn de Omgong fan Kataloanje, en yn de Omgong fan Frankryk wie er nei de fiifde etappe ien dei de drager fan it reade rêchnûmer foar de striidberste hurdfytser.
Karriêre-ein Ein maart 2016 slagge it Westra nei in lytse twa jier sûnder oerwinningen yn de Driedaagse fan De Panne-Koksijde it einklassemint te winnen troch yn de ôfslutende tiidrit de Noar Alexander Kristoff út de liederstrui te riden. Hy tekene yn novimber 2016 noch in kontrakt by Wanty-Groupe Gobert,dekrantvantoen.nl Ljouwerter Krante, 24-9-2016, Westra wil bij Wanty zijn eigen ik terugvinden mar besluet yn jannewaris 2017 om fuortdaliks op te hâlden mei hurdfytsen fanwegen depresjes. Syn lêste meters as profesjoneel hurdfytser ryd er yn de Trynwâlden.nieuwsblad.be, 9-1-2017, Lieuwe Westra stopt onverwacht “om persoonlijke redenen” met wielrennendekrantvantoen.nl, Ljouwerter Krante, 4-9-2017, De laatste meters van It Beest
Priveelibben Lieuwe Westra waard hikke en tein yn Mûnein, syn âldere broer Jan-Hendrik wie ek hurdfytser. Nei syn karriêre boaske er mei in Australyske frou en ferhuze mei har earst nei Austraaljedekrantvantoen.nl, Ljouwerter Krante, 11-7-2017 Lieuwe Westra volgt vriendin naar Australië en letter nei Spanje dêr't er sûnt 2019 fakânsje-apparteminten ferhierde.Omrop Fryslân 23-10-2021 - Lieuwe Westra genietet fan nij libben yn Spanje: wol fytse, mar gjin stress. Nei't syn houlik op 'e non rûn, kaam Westra, werom nei Nederlân en wurke yn Noard-Hollân as monteur. Hy brocht syn dagen troch mei drank en drugs.trouw.nl, 15-1-2023, In memoriam, Lieuwe Westra (1982-2023), Lieuwe Westra (1982-2023) was meedogenloos voor vriend en vijand, en vooral voor zichzelf. Lieuwe Westra ferstoar op 14 jannewaris 2023, yn 'e âldens fan 40 jier, oan de gefolgen fan in drugsferslaving.Omrop Fryslân, 24-6-2023, It lêste jier fan hurdfytser Lieuwe Westra: "Wy koene him net mear rêde"
Wichtichste oerwinnings 200px|thumb|right|200px|Lieuwe Westra tidens de tiidrit op de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen 2e etappe yn de OZ Wielerwykein (2007) 2e etappe Omgong Alsace (2008) Arno Wallaard Memorial (2009) 1e etappe yn Omgong fan Pikardje (2009) Einklassemint Omgong fan Pikardje (2009) Loire-Atlantique (2011) Prolooch Omgong fan Belgje (2011) 5e etappe Parys-Nice (2012) Einklassemint Omgong fan Denemark (2012) Earste etappe yn de omgong fan Kalifornje (2013) Sande etappe yn de omgong fan Kataloanje (2014) Driedaagse fan De Panne-Koksijde (2016)
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 2011 - 128 2012 - net finisht 2013 - net finisht 2014 - 79 2015 - 77
Dielname oan de Omgong fan Spanje 2009 - 87ste 2013 - net finisht
Ploegen 2006 - 2008, KrolStonE Continental Team 2009 - 2014, Vacansoleil-DCM 2014 - 2016 Astana
Autobiografy Thomas Sijtsma - Het Beest "Het wielerleven van Lieuwe Westra" - 7 maart 2019 -
Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn Mûnein Kategory:Persoan berne yn 1982 Kategory:Persoan stoarn yn 2023