Markus Assies (Eaststellingwerf, 26 jannewaris 1919 - Overveen, 6 juny 1944) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.
Fersetsaktiviteiten Assies wie ryksamtner yn Assen en dêre lid fan de LO en KP . "Max" wie syn fersetsnamme. Hy wie belutsen by in protte fersetaktiviteiten sa as it tarieden fan oerfallen, plak sykje foar ûnderdûkers en it opfangen fan piloaten. Fierders wie er belutsen by it Nationaal Steun Fonds.
Arrestaasje Op 28 febrewaris 1944 die de Sicherheitsdienst in ynfal op in adres yn Assen dêr’t Assies oanwêzich wie op in gearkomst fan it ferset. Hy en syn kollega’s kamen yn hannen fan de saneamde "Bloedgroep Norg" dy’t wreedferneamd wie om har tramtearringspraktyk. De Bloedgroep Norg hie it hearehûs fan de famylje Tonckens foardere en martele fêstnommen fersetsminsken yn de kelder, ûnder oaren ek Max Bruins út Steenbergen.
Finzenskip en ferstjerren Nei’t er yn Grins fêstsitten hie yn it Hûs fan Bewar waard er oerbrocht nei Kamp Amersfoart en inkelde dagen letter nei Kamp Vught. Mei 21 oaren waard er troch it Polizeistandgericht De Bosk ta de dea feroardield. Assies waard eksekutearre yn Overveen op 6 juny 1944.
Nei de kriich Yn 1946 waard syn stoflik omskot fannijs beïerdige op it Earebegraafplak Bloemendaal yn fek 23 en waard him it Fersetskrús postúm takend.
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk soldaat Kategory:Frysk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 1944