Johannus Frederikus Adrianus Göbel (Assen, 15 septimber 1900 - Arnhim, 9 july 1967), meastal J.F.A. Göbel neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.

Göbel wie in soan fan in keapman. Syn âlder wurk, meast yn in ekspresjonistyske styl, is te finen yn Assen. Nei de oarloch wurke er ek yn it westen fan it lân. Sa wie er belutsen by de wenningbou yn de Amsterdamske wyk Slotermeer. In oantal fan syn bouwurken is oanwiisd as ryksmonumint.

Wurk (kar-út) thumb|Assen: went Vaart ZZ 41a, J.F.A. Göbel, 1934 1930: Wente oan de Vaart Noordzijde, Assen AHV 1999 (Vaart Noordzijde 118, Assen) 1931: Wente oan de Plataanweg, Assen RCE - Rijksmonument 468975 (Plataanweg 3, Assen) 1933-1934: Roomsk-katolike tsjerke Maria ten Hemelopneming, Assen (ûntwerp fan J. van Dongen jr. yn gearwurking mei J.F.A. Göbel) RCE - Rijksmonument 468967 (Dr. Nassaulaan 3b, Assen) 1934: Wente oan de Vaart Zuidzijde, Assen RCE - Rijksmonument 468945 (Vaart Zuidzijde 41a, Assen) 1936: dûbelwente oan it kanaal 173 en 175 yn Assen yn opdracht fan Evert Rinsema, skuonmakker en skriuwer/dichter.

Sjoch ek Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1967