thumb|Lizzing yn de gemeente Bunnik is in plak yn de provinsje Utert en ûnderdiel fan de lykneamde gemeente Bunnik. De kearn hat ûngefear 7.000 ynwenners.

Bunnik leit tichtby in knooppunt fan spoarwegen en snelle ferbinings mei de histoaryske stêd Utert. De Kromme Ryn rint troch it plak. It doarp Bunnik leit oan de N229, hat in ôfslach oan de A12 en in NS-stasjon, Stasjon Bunnik.

Bedriuwslibben en organisaasjes Yn Bunnik sitte ûnder oare de Keninklike BAM Groep, de BOVAG en frisdrankfabrikant Vrumona. Ek hâldt it Oranjefûns hjir kantoar.

Bekende Bunnikers Annette Barlo (1974), aktrise en presintatrise Thea Beckman (1923-2004), skriuwster fan berne- en jeugdboeken Vincent Bijlo (1965), kabaretier en skriuwer, lid fan politike partij P21 Alexandrina van Donkelaar-Vink (1895-2006), âldste ynwenner fan Nederlân Fedde Le Grand (1977), DJ en muzykprodusint Birgit Schuurman (1977), sjongster en aktrise Katja Schuurman (1975), aktrise, presintatrise en sjongster Omkriten

Kategory:Plak yn Bunnik