Sijbrandus Auke (Siep) Posthumus (Frjentsjer, 29 april 1910 - Nootdorp, 25 febrewaris 1987) wie in Nederlânsk politikus.
Posthumus wie in Fryske notarissoan dy't nei syn stúdzje gemy yn Delft lange tiid in ynfloedrike posysje hie yn de fraksje fan de PvdA yn de Twadde Keamer. Hy wie ûnder mear fraksjesekretaris. Yn syn studintetiid wy hy aktyf yn de frijsinnich-demokratyske jongereinorganisaasje. Hy wie deskundich op it mêd ferfiers- en enerzjyfraachstikken. Hy rûn yn de jierren fyftich in wethâlderskip yn Rotterdam mis troch in ferkearsoertreding. Posthumus waard steatssekretaris fan ferfierssaken yn it kabinet-Cals. Letter ek lid fan it Jeropeesk Parlemint foar Nederlân.
Kategory:Frysk skiekundige Kategory:Frysk yngenieur Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Nederlânsk skiekundige Kategory:Nederlânsk yngenieur Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Jeropeesk parlemintslid foar Nederlân Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1987