In politike partij is in organisaasje, dy't der op rjochte is, troch mei te dwaan oan ferkiezings, ynfloed te krijen op oerheidsbelied yn in bepaald geografysk gebiet.Ware, A. (1996) Political Parties and Party Systems Faak giet it hjir om ferkiezings fan it nasjonale parlemint,Sjöblom, G. (1968) Party strategies in a multiparty systems mar der kinne ek partijen wêze dy't allinnich lokaal, regionaal of Europeesk dielnimme oan de ferkiezings. In politike partij wurdt foarme troch minsken, dy't it iens binne oer in oantal politike begjinsels,Burke, E. (1770) Thoughts on the Cause of the Present Discontent alhoewol't der net folle partijen binne dêr't alle leden it oer alle begjinselen iens binne.
Yn in soad demokratyske lannen, sa ek yn Nederlân is it wenst dat personen mei in politike funksje, lid binne fan in politike partij. Mar is net altiten sa.
Kategory:Politike partij