Andorra la Vella (Frânsk: Andorre-la-Vieille) is de haadstêd fan Andorra , in lytse steat midden yn 'e Pyreneeën. De stêd hie neffens rûzing yn 2026 26.758 ynwenners en is njonken in sintrum foar de ekonomy en kultuer ek de wichtichste parochy fan it lân.
De stêd stiet bekend om de belestingfrije winkels. Dêrom komme in soad toeristen út de buorlannen en oare Jeropeeske lannen nei dit plak om bygelyks goedkeap tabak en alkohol te keapjen.
Geografy Om't de stêd yn in komfoarmige delling leit, hat Andorra troch it ferkear te meitsjen mei loftfersmoaring. Njonken Andorra la Vella sels en it buorskip La Comella krekt súdlik fan it stedssintrum leit yn 'e parochy ek noch it doarp Santa Coloma (2.944 ynw.) en it byhearrende buorskip La Margineda.
Demografy De oarspronklike Andorranen, etnyske Katalanen, meitsje mar in tredde part (33%) fan 'e befolking út. De mearderheid fan 'e befolking is Spaansk (43%) (dy't sawol Spaansk as Katalaansk prate). Oare grutte minderheden binne Portegezen (11%) en Frânsen (7%).
+ Befolkingsûntwikkeling Jier 1865 1947 1965 1981 1985 1988 Ynwennertal 1.100 1.975 8.833 14.783 17.201 19.566 Jier 1995 2000 2005 2007 2013Ynwennertal 21.984 20.845 23.587 24.574 22.546
It besjen wurdich thumb|left|Sint-Stefanustsjerke. De âlde binnenstêd fan Andorra la Vella stiet bekend om de âlde strjitten en huzen. De sintrale Sint-Stefanustsjerke (Katalaansk: església de Sant Esteve) wurdt omskreaun as in skildereftich ûnderdiel fan 'e stêd en stiet foar it riedshûs oer. De tsjerke is yn 'e 11e iuw yn romaanske styl boud. In pear strjitten fierderop leit it histoaryske parlemintsgebouw fan Andorra, de Casa de la Vall. Op it pleintsje dêrfoar wurde alle jierren kulturele eveneminten organisearre. It regearingsgebouw leit oan it Plaça del Poble, tichteby it parlemintsgebouw.
Nei alle gedachten is it âldste gebou in oare tsjerke, de Sint-Kolumbatsjerke yn Santa Coloma, dy't út de 9e iuw stammet. Dêrnjonken is Santa Coloma bekend om de iuwenâlde Sint-Finsintsiusstjerke, dy't boppe it doarp úttuorket. Andorra la Vella telt yn meiïnoar seis beskerme monuminten, wêrfan fjouwer yn it sintrum, de Sint-Kolumbatsjerke te Santa Coloma en de Pont de la Margineda by La Margineda.
Ferkear Andorra hat sels gjin lofthaven. Der binne wol busferbinings mei de ynternasjonale lofthaven fan Barcelona.
Berne yn Andorra la Vella Albert Celades (29 septimber 1975), Spaansk fuotballer Óscar Sonejee (26 maart 1976), fuotballer Marc Bernaus (2 febrewaris 1977), fuotballer Ildefons Lima (12 oktober 1979), fuotballer
Susterstêden Foix, Frankryk Sant Pol de Mar, Spanje Valls, Spanje Šid, Servje
Kategory:Plak yn Andorra Kategory:Haadstêd yn Jeropa