De bûnte seedûker (Gavia arctica) is in fûgel yn it skaai seedûkers (Gavia) út de famylje fan 'e seedûkers.
Foarkommen De bûnte seedûker wurdt tusken 63 oant 75 sm lang, hat in wjukspanwiidte fan 100 oant 122 sm en kin tusken de 1,3 en 3,4 kg weagje. Yn it simmerkleed hawwe folwoeksen fûgels foar it meastepart in swarte boppekant, mei útsûndering fan in gebiet op 'e rêch dat wite streken hat. De kop en it efterste diel fan 'e hals binne fluweeleftich ljochtgriis, en de siden binne wyt- en swartstreekt. It grutste part fan 'e hals is ek swart mei in pearse gloed. De kleur fan it halsplak kin brûkt wurde om de twa ûndersoarten te ûnderskieden; by de ûndersoarte G. a. viridigularis hat it swarte halsplak in griene gloed. thumb|left|Fleanende bûnte seedûker. De ûnderkant is foar it meastepart wyt, ynklusyf it legere diel fan 'e hals. De flanken binne ek wyt, in skaaimerk dat brûkt wurde kin om de fûgel fan 'e Pasifyske seedûker (Gavia pacifica) te ûnderskieden.
Wannear't er net briedt, ûntbrekt it plak op 'e hals en is dy wyt. Dan ûntbrekke ek de measte swarte streken op 'e hals, op dy fan 'e ûnderste siden nei, en de boppekant is dan effen mei útsûndering fan in pear wite plakken op 'e ûnderside fan 'e wjuk. De jongen hawwe in ferlykbere tekening as de net-briedende folwoeksen fûgels, mar mei mear brúngriis.
De bûnte seedûker is wat grutter as in wylde ein, mar mei in gâns langere hals. Hy hat in dolkfoarmige snaffel dy't meastentiids horizontaal holden wurdt as de fûgel swimt. De oergong fan 'e kop nei de hals is hast net te ûnderskieden.
Fersprieding en systematyk De bûnte seedûker is in trekfûgel dy't op it wetter fan it noardlik healrûn foarkomt. Hy briedt benammen by marren yn noardlik Jeropa en Aazje en oerwinteret oan smoute, iisfrije kusten oan 'e noardeastlike Atlantyske Oseaan en de eastlike en westlike Stille Oseaan.
De bûnte seedûker briedt yn Skotlân, Skandinaavje, de Baltyske lannen, Wyt-Ruslân, Ruslân, Kazachstan, Mongoalje en it uterste westen fan Alaska. Winterdeis lûkt er nei de kustgebieten.
De bûnte seedûker wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
De westlike bûnte seedûker (Gavia arctica arctica) (Linnaeus, 1758) – komt foar yn noardlik Jeropa, en fierder nei it easten ta oant it noardlike part fan Sintraal-Aazje, en fan dêrwei oant de rivier de Lena en Transbaikal. Winterdeis lûkt er nei de kustgebieten yn noardwestlik Jeropa, de Middellânske See, de Swarte See en de Kaspyske See. De eastlike bûnte seedûker (Gavia arctica viridigularis) (Dwight, 1918) – komt foar yn eastlik Ruslân, fan 'e rivier de Lena en Transbaikal en fierder nei it easten ta it Tsjûkotka-skiereilân en Kamtsjatka en it uterste noarden fan Sachalin. Hy oerwinteret oan 'e noardwestlike kust fan 'e Stille Oseaan.
Earder waard de bûnte seedûker as deselde soarte beskôge as de Pasifyske seedûker (Gavia pacifica), wat nei alle gedachten de meast besibbe soarte is. Ut in DNA-stúdzje die bliken dat de bûnte seedûker de sustersoarte is fan in klade dy't bestiet út de Pasifyske seedûker, de iisdûker (Gavia immer) en de gielsnaffeldûker (Gavia adamsii).
De bûnte seedûker briedt yn it noarden fan Jeraazje en út en troch yn it westen fan Alaska. Winterdeis komt der ek oan 'e Noardseekust en de kust fan 'e Atlantyske Oseaan foar. Yn it noarden fan Grut-Brittanje en oan 'e Noarske kust bliuwe se it hiele jier.
Briedgedrach thumb|left|Aaien fan 'e bûnte seedûker. De tiid foar it briedseizoen fariëarret; yn it súdlike diel fan it ferspriedingsgebiet begjint it brieden yn april, wylst de fûgels yn it noardlike diel wachtsje moatte oant de froast út de grûn is. It pearjen fynt op it lân plak en de bûnte seedûker bout in ovaal nêst dat likernôch 23 sm lang is, of tichteby in mar of op fegetaasje dy't boppe it wetter útstekt. Hy leit meastentiids in nêst fan twa, komselden ien of trije, brún-griene aaien mei donkere plakken. It brieden duorret tusken de 27 en 29 dagen en de jongen wurde fuorre mei lytse fisken en wringeleazen. De piken kinne fuort nei it útkommen al goed swimme en sûnder muoite dûke. Se fjochtsje in soad as se net genôch te iten krije, en faak oerlibbet mar ien jong.
Om it iten te fangen jaget de bûnte seedûker allinnich of yn pearen, mar hiel komselden yn groepen. Hy dûkt net djipper as 5 meter en de measte dûken binne súksesfol. De measte mislearre lechsels wurde feroarsake troch rôfdieren en oerstreamings.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt tocht dat de fûgel yn tal ôfnimt; lykwols net krêftich genôch om as bedrige beskôge te wurden. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as 'net bedrige' (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 275.000 en 1,5 miljoen yndividuen, wêrfan't 53.800 oant 87.800 pearkes briede soene yn Jeropa. De bûnte seedûker is beskerme neffens it Ferdrach foar it behâld fan trekfûgels yn Afrika en Jeraazje (AEWA).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seedûker Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee