thumb|Antigûa en Barbûda Saint John's is de haadstêd fan de Karibyske eilannekloft en lân Antigûa en Barbûda.
St John's is it kommersjele sintrum fan it lân en de meast wichtige haven fan it eilân Antigûa. Dêr wurdt sûker, rum en katoen útfierd.
Sûnt de komst fan de earste Britske kolonisten yn 1632 is Sint John's it administrative sintrum fan Antigûa en Barbûda. Yn it earstoan kamen de bewenners fan de nije delsetting fan Sint Kits en Nevis, fan 1663 ôf kamen sy ek út Ingelân wei dêrhinne. Yn de 18e iuw waard de stêd it haadkertier fan de op de Antillen stasjonearre Keninklike Float. Doe't Antigûa en Barbûda yn 1981 ûnôfhinklik waarden, festige it regear him ek yn Sint John's.
Sint John's hat in anglikaanske katedraal (St. John the Divine, boud yn 1683, en op 'en nij boud yn de 19e iuw) en in Paleis fan Justysje út 1747. De restanten fan Fort James datearje út 1703.
It fleanfjild fan Saint John's leit 8 km noardeastlik fan de stêd en hjit V.C.Bird Airport.
Stedebân Limbe (Kameroen) thumb|left|225px|Katedraal fan St. John's thumb|left|225px|Krikketfjild St. John's
Keppelings om utens Kaart fan St John's Antigûa Fan Paradise Islands (net kommersjele webside) Kaart fan St. John's by Caribbean-On-Line.com
Kategory:Plak yn Antigûa en Barbûda Kategory:Haadstêd yn Noard-Amearika Kategory:Plak stifte yn 1632