De Marijetsjerke of Koepeltsjerke (folút: Tsjerke fan Us Leaffrou fan Ivichduorjende Bystân') is in roomsk-katolike tsjerke oan 'e Brinkleane yn it sintrum fan Bussum.

Skiednis De neo-byzantynske tsjerke mei in bysûndere koepelkonstruksje yn easterske styl nei in ûntwerp fan J.Th.J. Cuypers en P.J.J.M. Cuypers, respektivelik soan en pakesizzer fan P.J.H. Cuypers, datearret út 1921. De goed ûnderhâlden en renovearre tsjerke foarmet in prominint bouwurk yn Bussum. thumb|left|Marijetsjerke of Koepeltsjerke

Sûnt it sluten fan 'e Sint-Fitustsjerke en de Hillich Herttsjerke yn 1982 en de Sint-Joazeftsjerke yn 2018 is de Marijetsjerke de iennige roomske tsjerke fan Bussum.

De krúsweistaasjes binne fan 'e hân fan Mari Andriessen en hongen earder yn de Hillige Herttsjerke oan de Kamerlingh Onneswei, ôfbrutsen yn 1991.

Oargel Yn 1923 boude de firma Steinmeyer it oargel yn 'e Klemenstsjerke fan Hilfertsom. Dy tsjerke waard yn 1996 sletten en yn 2011 waard it oargel dêr demontearre en restaurearre en yn 2012 troch Adema wer opboud yn 'e Marijetsjerke. Tagelyk waard it ynstrumint útwreide mei in Bazuin 16′ op it pedaal. It oargel hat 22 registers op twa manualen en pedaal.

Keppeling om utens Het Orgel: ynformaasje oer it oargel fan 'e Marijetsjerke Trije-ienheidparochy Bussum-Naarden

Kategory:Bouwurk yn Bussum Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Hollân Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Haarlim-Amsterdam Kategory:Bouwurk út 1921 Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Hollân