Marjolein Elisabeth de Jong (Lekkerkerk, 16 maaie 1968) is in earder Nederlânsk follybalster.
Marjolein de Jong kaam foar it earst foar Nederlân út op de Olympyske Spullen yn it jier 1992 doe't de Olympyske Simmerspullen hâlden waarden yn Barselona. Hja einige doe mei de Nederlânske ploech sechsde fan de acht dielnimmende lannen. Op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta waard de ploech, mei Marjolein de Jong, fiifde fan de alve dielnimmende lannen. Ek makke hja diel út fan de ploech dy't yn 1995 yn Arnhim de Europeeske titel helle, troch Kroaasje yn de finale mei 3-0 te ferslaan. Yn totaal hat Marjolein de Jong 394 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Der binne dêrmei mar trije oare follybalsters dy't mear ynterlannen spile ha as Marjolein de Jong. Ynterlannen oersjoch NeVeBo
Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers
Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1968