De Atlantyske Oseaan is in wrâldsee, dy't ynleit tusken de Jeropa en Afrika yn it easten en Amearika yn it westen. Yn it noarden wurdt de Atlantyske Oseaan begrinzge troch de Noardlike Iissee, yn it suden troch de Súdlike Oseaan.

De Atlantyske Oseaan is op de Stille Oseaan nei de grutste see op Ierde, en hy is likernôch in fiifde fan it gebiet fan de Ierde grut.

Untstean thumb|left|260px|Pangaea driuwt út inoar en foarmet de hjoeddeiske Atlantyske Oseaan Nei alle gedachten is de Atlantyske Oseaan earst 150 miljoen jier lyn ûntstien, doe't ferskate parten fan Pangea al wer útelkoar dreaunen. Mooglik is de skuor tusken Amearika en Jeropa/Afrika it gefolch fan it ûntstean fan de Hekla. Ut dy skuor komt de Midatlantyske Rich omheech, ûntstien út omheechkommend magma. De magma komt hieltyd noch omheech, wat betsjut dat de wrâlddielen om de oseaan hinne hieltyd noch fierder útelkoar skood wurde, en dat de Midatlantyske Rich hieltyd noch waakst. Dêr't de rich boppe wetter útkomt, foarmet dy de Midatlantyske eilannen.

Lannen en territoaria oan de Atlantyske Oseaan en syn râneseeën Jeropa Abgaazje de Ålâneilannen (Finlân) Albaanje Belgje Bosnje-Hertsegovina Bulgarije   Denemark Dútslân Estlân de Fêreu-eilannen (Denemark) it Feriene Keninkryk Finlân Frankryk Georgje Gibraltar (Feriene Keninkryk) Grikelân Guernsey (Feriene Keninkryk) Ierlân Iislân Itaalje Jersey (Feriene Keninkryk) Kroaasje Letlân Litouwen Malta Man (Feriene Keninkryk)   Monako Montenegro Nederlân Noarwegen de Oekraïne Poalen Portegal Roemeenje Ruslân Syprus Sloveenje Spanje Sweden Turkije

Aazje Israel Libanon Palestina Syrje Turkije

Afrika Algerije Angoala de Azoaren (Portegal) Benyn Egypte Ekwatoriaal Guinee Gabon Gambia Gana Guinee Guinee-Bissau Ivoarkust Kaapverdje Kameroen Kanaryske Eilannen (Spanje) de Demokratyske Republyk Kongo de Republyk Kongo Libearia Lybje Madeara (Portegal) Mauretaanje Marokko Namybje Nigearia Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha (Feriene Keninkryk) Ascension Sint-Helena Tristan da Cunha Sao Tomee en Prinsipe Senegal Sierra Leöane Súd-Afrika Togo Tuneezje de Westlike Sahara

Noard-Amearika de Amerikaanske Famme-eilannen (Feriene Steaten) Anguilla (Feriene Keninkryk) Antigua en Barbûda Arûba (Nederlân) de Bahama's Barbados Belize Bermuda de Britske Famme-eilannen (Feriene Keninkryk) Dominika de Dominikaanske Republyk de Feriene Steaten fan Amearika Frânsk-Sint-Marten (Frankryk) Grenada Grienlân Gûadelûp (Frankryk) Gûatemala Haïty Hondoeras Jamaika de Kaaimaneilannen (Feriene Keninkryk) Kanada Karibysk Nederlân (Nederlân) Bonêre Saba Sint-Eustasius Kosta Rika Kuba Kurasau Martinyk (Frankryk) Meksiko Montserrat (Feriene Keninkryk) Nikaragûa Panama Porto Riko Sint-Bartelemy (Frankryk) Sint-Finsint en de Grenadinen Sint-Kits en Nevis Sint-Lusia Sint-Marten Sint-Pierre en Miquelon Trinidad en Tobago de Turks- en Kaikoseilannen (Feriene Keninkryk)

Súd-Amearika Argentynje Brazylje de Falklâneilannen (Feriene Keninkryk) Fenezuëla Frânsk-Guyana (Frankryk) Guyana Kolombia Oerûguay Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen (Feriene Keninkryk) Súd-Georgia de Súdlike Sandwicheilannen Suriname

Eilannen Yn de Atlantyske Oseaan lizze in tal fan eilannen en eilannegroepen: De Britske Eilannen Rockall De Fiere Eilannen Yslân De Azoaren Madeara De Kanaryske Eilannen De Kaapverdyske Eilannen Sint-Helena Tristan da Cunha De Falklâneilannen Súd Georgje De Antillen De Bahama's Bermuda

Ferskaat De Atlantyske Oseaan wurdt ek wol -koartswillich- oantsjut mei Grutte Dobbe. 'Oer de grutte dobbe stekke' betsjut: 'nei Amearika ferfarre'.

Kategory:Oseaan Kategory:See yn Afrika Kategory:See yn Jeropa Kategory:See yn Noard-Amearika Kategory:See yn Súd-Amearika