Samarkand (Oezbeeksk: Samarqand of Самарқанд) is de haadstêd fan 'e provinsje Samarkand yn Oezbekistan. De measte ynwenners binne Tadzjiken. De stêd is it meast bekend om syn sintrale lizzing oan 'e Siderûte tusken Sina en it Westen en as Islamitysk stúdzjesintrum. Yn 'e 14e iuw waard it de haadstêd fan it ryk fan Timoer (Tamerlane), ek syn mausoleum (de Goer-e Amir) stiet yn Samarkand. De Bibi-Khanym Moskee is ien fan 'e meast opfallende gebouwen fan 'e stêd. De Registan wie it âlde sintrum fan 'e stêd.
UNESCO sette de stêd yn 2001 op de Wrâlderfgoedlist as Samarkand – Crossroads of Cultures.
Skiednis Samarkand waard yn 'e 14e iuw f.Kr. yn 'e fruchtbere delling fan 'e Serafšān as oäzestêd stifte. De stêd wie ien fan 'e wichtichste plakken oan 'e Siderûte tusken it Midden-Easten en Sina en tanket dêr in grut part fan syn wolfeart oan. Aleksander de Grutte ferovere yn 329 f.Kr. de stêd, dy't doe bekend stie as Marakanda en yn Transoksaanje lei.
De Arabieren brochten de islam nei de regio dy't foar it meastepart kristlik wie. Ibn Qutaiba ferovere de stêd foar it earst yn 712, mar dêrnei folgen ferskate opstannen. Pas yn 753, nei de nederlaach fan 'e Sinezen by de rivier de Talas yn 751, krige de islam dêr foargoed fêste grûn ûnder de fuotten. Sûnt de 10e iuw hie de archègos (lieder) fan 'e manicheïstyske tsjerke syn sit yn Samarkand; dêrfoar residearre er yn Babylon. Yn 1141 foege de Kitan-foarst Yelü Dashi fan 'e Westlike Liao, dy't goede relaasjes ûnderhold mei de Nestorianen, de stêd ta oan syn ryk. Yn 1220 waard Samarkand troch de Mongoalen fan Dzjengis Khan ferovere en swier skansearre. Timoer Lenk makke Samarkand yn 1370 ta haadstêd fan syn ryk. Hy liet boumasters út alle dielen fan syn ryk nei de stêd komme om de stêd moaier te meitsjen. In grut tal fan 'e histoaryske gebouwen dy't hjoed-de-dei noch besteane, datearje út syn tiid.
Yn 1868 kaam de stêd ûnder Russysk bestjoer as protektoraat. Foar de Joadske mienskip betsjutte dat in befrijing: ûnder it Mongoalske bewâld wiene hja twadderangsboargers, dy't mear belesting betelje moasten as oare ynwenners en net op hynders ride mochten.
Yn 1920 waard de lêste emir, Alimkhan, troch de bolsjewiken ferdreaun. Dêrnei waard de Folksrepublyk Bûchara útroppen. Yn 1924 gie dy op yn 'e Oezbeekske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, wêrfan't Samarkand oant 1930 de haadstêd wie. Dêrnei waard Tasjkent de haadstêd, en dy funksje hat de stêd sûnt beholden.
Nei it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny kaam Samarkand yn 1991 ûnder it bestjoer fan it ûnôfhinklike Oezbekistan.
Lykas Buchara is Samarkand ferneamd om syn borduerkeunst. Benammen it goudborduerjen en it meitsjen fan 'e saneamde suzani's hawwe dêr in lange tradysje.
Universiteit Mei it Samarkand State Medical Institute hat Samarkand de âldste medyske universiteit fan Sintraal-Aazje.
Wichtige en histoaryske gebouwen Yn Samarkand steane ferskate monuminten fan 'e islamityske arsjitektuer. De stêd is troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.
It meast wichtige plein yn it sintrim hjit Registan. Oan it plein steane trije grutte madrassa's of koranskoallen:
De Ulug Bey Madrassa út 1420. De Sherdar Madrassa út 1636. De Tilla-Kari Madrassa út 1660.
Oare bouwurken De Bibi-Khanum Moskee waard troch Timoer Lenk boud as mausoleim leafste ("bibi"). Timoer Lenk sels leit begroeven yn 'e Gur-e Emir. Fierder is der ek noch de Shah-i-Zinda, it iuwenâlde begraafplak mei de moskee.
Keppeling om utens Beskriuwing by UNESCO
Kategory:Plak yn Oezbekistan Kategory:Wrâlderfgoed yn Oezbekistan Kategory:Plak stifte yn de 8e iuw f.Kr.