thumb|250px|Lizzing Victoria op de Seysjellen
Victoria (ek wol Port Victoria of Mahé) is de haadstêd fan de Seysjellen en leit op de noardeastlike kant fan it eilân Mahee.NGA GEOnet Names Server Likernôch in tredde fan de befolking fan de Seysjellen wennet yn Victoria. De stêd is stifte as residinsje fan it Britske koloniaal bestjoer.
De eksport út Victoria wei bestiet foar it meastepart út fanylje, kokosnuten, kokosnute-oalje, skyldpoddeskylden, sjippe en gûano.
It besjen wurdich binne: in klokketoer boud nei foarbyld fan de Big Ben yn Londen it gerjochtsgebou de Victoria botanyske tunen it Victoria Nasjonaal museum foar de skiednis it Victoria nasjonaal natuerhistoarysk museum de Sir Selwyn-Clarke Market
De stêd hat it nasjonaal stadion en in polytechnysk ynstitút. De binnenhaven leit fuort east fan de stêd; tonyn- en oare fiskerij en ynblikjen fan fisk hawwe grutte lokale ekonomyske betsjutting.
It fleanfjild Seychelles International Airport waard yn 1971 foltôge. In grutte brêge yn Victoria waard ferneatige troch de tsûnamy troch de ierdskodding yn de Yndyske Oseaan yn 2004.
Keppeling om utens Havenautoriteit Seysjellen thumb|left|250px|Klokketoer (Big Ben)
Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak yn de Seysjellen Kategory:Plak stifte yn 1778