thumb|left|200px|Postsegel oer de Spullen De Olympyske Winterspullen 1976, ek wol de XIIe Olympiade neamd, waarden yn 1976 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 4 oant en mei 15 febrewaris. De Spullen wiene eins oarspronklik oan Denver, yn 'e Feriene Steaten, ferjûn, mar dy stêd loek him yn 1972 werom. Innsbruck, dêr't in protte akkomodaasjes fan 'e Olympyske Winterspullen 1964 werbrûkt wurde koene, sprong doe yn it gat.

Akkommodaasjes AkkommodaasjeSport (en)Kapasiteit Axamer Lizum Alpineskyen Net neamd. Bergiselschanze Skânsspringen Net neamd. Eisschnellaufbahn Reedriden 7,000 Kominierte Kunsteisbahn für Bob-Rodel Igls Bobslydzjen, Rodeljen Net neamd. Messehalle Iishockey Net neamd. Olympiahalle Keunstriden, Iishockey Net neamd. Patscherkofel Alpineskyen Net neamd. Seefeld Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skânsspringen) Net neamd. Sporten thumb|right|200px|It reedriden fan de Spullen op in postsegel Op de Spullen fan 1976 stiene seis sporten op it programma en 37 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.

Medaljes

Medaljespegel 1 Sowjetuny 13 6 8 27 2 East-Dútslân 7 5 7 19 3 Feriene Steaten 3 3 4 10 4 Noarwegen 3 3 1 7 5 West-Dútslân 2 5 3 10 6 Finlân 2 4 1 7 7 Eastenryk 2 2 2 6 8 Switserlân 1 3 1 5 9 Nederlân 1 2 3 6 10 Itaalje 1 2 1 4

Dielnimmende lannen Sânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Andorra en San Marino makken harren debút. Sily, Yslân en Turkije makken harren rentree. Yn ferliking mei fjouwer jier lyn ûntbrutsen de Filipinen, Mongoalje en Noard-Korea.

Taiwan die foar it lêst ûnder dy namme en mei de read-blauwe flagge mei oan de Spullen. Under druk fan de ynternasjonale mienskip moast it tenei meidwaan as Sineesk Taipei en in spesjale Olympyske flagge fiere.

Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 1976

Keppeling om utens De webstee fan NOC*NSF oer de Winterspullen fan 1976

1976 Kategory:Barren yn 1976 Kategory:Innsbruck Kategory:Skiednis fan Eastenryk Kategory:Sportevenemint yn Eastenryk