Anatoli Jevgenevitsj Karpov (Zlato-oest, 23 maaie 1951) is in Russysk skaker. Hy is grutmaster en earder wrâldkampioen skaken.

Yn 1969 waard er jeugdwrâldkampioen. Yn 1971 wûn er syn earste grutte toernoai yn de Sovjet-Uny, it Aljechin Memorial, en ek syn earste ynternasjonale toernoai, yn Hastings. Yn 1973 begûn er oan in opmars nei it wrâldkampioenskip troch tegearre mei Viktor Kortsjnoj it Interzone-toernoai fan Leningrad te winnen. Yn 1974 fersloech er yn de kandidatematches earst Lev Poloegajevski (5½-2½), doe Boris Spasski (7-4) en Kortsjnoj (12½-11½).

Earbetoan Anatoli Karpov Toernoai It Anatoli Karpov Toernoai (of Poikovsky Toernoai) is in prestizjeuze jierlikse skaakwedstriid dy't hâlden wurdt yn'e Russyske stêd Poikovsky. It is in hiel unyk gefal yn'e wrâld fan skaken, om't it de tolfde wrâldkampioen earet wylst hy noch yn libben is! It wurdt spile yn in sletten (round-robin) formaat mei tsien grutmasters dy't meidogge.

# Jier Winner(s) I 2000 Victor Bologan II 2001 Victor Bologan III 2002 Alexander Onischuk IV 2003 Joël Lautier - Peter Svidler V 2004 Sergei Rublevsky - Alexander Grischuk VI 2005 Étienne Bacrot - Victor Bologan VII 2006 Alexei Shirov VIII 2007 Dmitry Jakovenko IX 2008 Vugar Gashimov - Dmitry Jakovenko Sergei Rublevsky - Alexei Shirov X 2009 Alexander Motylev XI 2010 Victor Bologan - Sergey Karjakin XII 2011 Étienne Bacrot - Sergey Karjakin XIII 2012 Dmitry Jakovenko XIV 2013 Pavel Eljanov XV 2014 Alexander Morozevich XVI 2015 Victor Bologan - Anton Korobov XVII 2016 Anton Korobov XVIII 2017 Evgeniy Najer - Emil Sutovsky XIX 2018 Dmitry Jakovenko XX 2019 Vladislav Artemiev - Dmitry Jakovenko XXI 2022 Sanan Sjugirov XXII 2025 Amin Tabatabaei XXIII 2026 Denis Lazavik

Kategory:Russysk skaker Kategory:Russysk publisist Kategory:Persoan berne yn 1951