De Swarte See is in binnensee, dy't ynklamme leit tusken Jeropa en Lyts-Aazje. De Bosporus ferbynt de Swarte See mei de See fan Marmara, dy't op syn beurt fia de Dardanellen yn ferbining stiet mei de Midlânske See. Yn it noarden fan de Swarte See leit it skiereilân De Krim, dat ek grinzet oan de See fan Azov.

De lannen lizzend oan de Swarte See binne Oekraïne, Ruslân, Geörgje, Turkije, Bulgarije en Roemeenje. Yn 'e Swarte See komme fiif grutte rivieren út: de Donau, de Dnjepr, de Dnjestr, de Don en de Kûban.

De namme De Grykske seefarders út de âldheid tsjutten de Swarte See oan mei Pontos Euxeinos, de Gastfrije See. De Swarte See wie lykwols (wreed)ferneamd om har stoarmen yn de hjerst en winter, dat earder waard de see ek wol Pontos Axeinos neamd, de Ungastfrije See; út benaudens foar de goaden fan de see brûkten de Grykske seelju leaver de eufemistyske namme.

It minne waar yn de kontrei is ek grif de grûnslach fan de Turkske namme Kara Deniz, dêr't de yn de measte moderne talen de gongbere namme "Swarte See" fan ôflaat is.

It oerinnen fan de Swarte See nei de iistiid Yn de iistiid wie de Swarte See in grut swietwettermar en wie der gjin ferbining mei de Middellânske See. Nei de iistiid ûntstie dizze ferbining. Hoe't dat krekt gien is en wannear, binne ferskate teoryen oer.

Wichtige havenstêden Istanbûl Boergas Varna Konstantsa Odessa Sebastopol Rostov Novorossijsk Batûm Trabzon Samsûn

Kategory:Binnensee Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:See yn Aazje Kategory:See yn Jeropa Kategory:Wetter yn Abgaazje Kategory:Wetter yn Bulgarije Kategory:Wetter yn Georgje Kategory:Wetter yn de Oekraïne Kategory:Wetter yn Roemeenje Kategory:Wetter yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Wetter yn Turkije