thumb|250px|Lizzing Caracas yn Fenezuëla Caracas (of Karakas yn Westerlauwersk Frysk) is de haadstêd en grutste stêd fan Fenezuëla. De stêd leit yn noarden fan it lân yn in delling fan de Cordillera de la Costa Central, tichtby de Karibyske See, mar dêrfan skieden troch in steil, heech berchtme, de Cerro Ávila; nei it suden ta lizze mear hichten en bergen. Caracas heart net by ien fan de steaten fan Fenezuëla, mar foarmet it Haadsteedlik Distrikt.
Ut de skiednis De stêd waard stifte yn 1567 as Santiago de León de Caracas troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Diego de Losada.
Yn Caracas waarden twa persoanen berne dy't tige wichtich west hawwe yn de skiednis fan Súd-Amearika. Francisco de Miranda waard dêr yn 1750 berne en Simón Bolívar yn 1783.
Caracas waard op 26 maart 1812 ferwoastge troch in ierdskodding. De Spanjerds leinen dat út as in straf fan God foar de rebûlje tsjin de Spaanske oerhearsking.
20e iuw Earste helte 20e iuw waard ierdoalje yn Fenezuëla ûntdutsen. Dat joech de ekonomy fan de stêd in enoarme ynpuls.
De metro fan Caracas kin sûnt 1983 brûkt wurde.
Maiquetia International Airport is it fleanfjild fan Caracas
Stadions
Berne yn Caracas Andrés Bello (1781-1865), humanist, dichter, wetjouwer, filosoof, politikus, diplomaat, wittenskipper, taalkundige en universitêr rektor Simón Bolívar (1783-1830), frijheidsstrider en presidint Julio Borges (1969- ), politikus Teresa Carreño (1853-1917), pianiste, sjongster, komponiste, en diriginte Johnny Cecotto (1956- ), autokûreur Carlos Cruz-Díez (1923- ), skilder en byldhouwer Hein van der Gaag , Nederlânsk pianist en komponist Rómulo Gallegos (1884-1969), romanskriuwer en politikus. Boris Izaguirre (1965- ), senarioskriuwer, sjoernalist, skriuwer en showman Héléna Manson (1898-1994), Frânske aktrise Francisco de Miranda (1750-1816), generaal, revolúsjonêr en frijheidsstrider Eugenio Montejo (1938-2008), dichter Oscar Montero, honkballer Omar Pumar (1970- ), hurdfytser Ilich Ramírez Sánchez (1949- ), guerrillastrider María Vento-Kabchi (1974- ), tennisster Ernesto Viso (1985- ), autockûreur
Kategory:Haadstêd yn Súd-Amearika Kategory:Plak yn Fenezuëla Kategory:Wrâlderfgoed yn Fenezuëla Kategory:Plak stifte yn 1567