thumb|left|200px|Seremoanje op de Spullen De Olympyske Winterspullen 1980, ek wol de XIIIe Olympiade neamd, waarden yn 1980 yn Lake Placid, de Feriene Steaten hâlden. Dat wie fan 13 oant en mei 24 febrewaris.

Akkommodaasjes AkkommodaasjeSport (en)Kapasiteit Lake Placid Olympic Ski Jumping Complex Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen 18,000 Lake Placid Equestrian Stadium Iepeningsseremoanje Net neamd Lake Placid Olympic Sports Complex Cross Country Biathlon Center Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) Net neamd. Mt. Van Hoevenberg Olympic Bobsled Run Bobslydzjen, Rodeljen (Aparte oefenings) 11,000 (bobslydzjen) Herb Brooks Arena Keunstriden Iishockey 8,500 (iishokky)2,000 (keunstriden) James B. Sheffield Olympic Skating Rink Reedriden Net neamd. Whiteface Mountain Alpineskyen Net neamd

Sporten thumb|right|200px|Reedriden op de Spullen Op de Spullen fan 1980 stiene seis sporten op it programma en 38 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.

Medaljes thumb|right|200px|Olympyske medaljes Medaljespegel 1 Sowjetuny 10 6 6 22 2 East-Dútslân 9 7 7 23 3 Feriene Steaten 6 4 2 12 4 Eastenryk 3 2 2 7 5 Sweden 3 0 1 4 6 Lychtenstein 2 2 0 4 7 Finlân 1 5 3 9 8 Noarwegen 1 3 6 10 9 Nederlân 1 2 1 4 10 Switserlân 1 1 3 5

Fryske medalje Medalje Namme Sport UnderdielLieuwe de BoerReedriden500 m

Dielnimmende lannen Sânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Troch de oankundigde Amerikaanske boykot fan de Simmerspullen dy't letter dat jier yn Moskou hâlden waarden, wie der foarôfgeand oan de Winterspullen al in spannen situaasje tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Nettsjinsteande dat wiene de Sowjetuny en harren bûnsgenoaten oanwêzich.

It tal dielnimmers wie likefolle as by de foarige edysje. De Folksrepublyk Sina, Kosta Rika en Syprus debutearren, Bolivia en Mongoalje makken harren rentree. Sily, Iran, San Marino, Taiwan en Turkije ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige kear.

Taiwan boykotte de Spullen sjoen de problemen mei de erkenning troch de Folksrepublyk Sina.

Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 1980

Keppeling om utens IOC webstee oer de Olympyske Winterspullen fan 1980

1980 Kategory:Barren yn 1980 Kategory:Sportevenemint yn de Feriene Steaten Kategory:Evenemint yn New York (steat) Kategory:Skiednis fan New York (steat)