Managûa (Leal Villa de Santiago de Managua) is de haadstêd fan it Midden-Amerikaanske lân Nikaragûa. De stêd leit op de súdigge fan de Mar fan Managûa.

Managûa hat de Sintraal-Amerikaanske Universiteit (Universidad Centroamericana), mei it dêroan ferbûne Ynstitút foar de Skiednis fan Nikaragûa en Sintraal-Amearika (Instituto de Historia de Nicaragua y Centroamérica).

Op it plak fan Managûa lei oarspronklik in Yndiaanske delsetting, Managuac. Yn 1819 waard dêr de stêd Managûa stichte ûnder de offisjele namme 'Leal Villa de Santiago de Managua'. Yn 1852 krige de stêd de status fan haadstêd, dat de oplossing wie fan de kompetysje tusken de stêden Granada en León.

De stêd leit yn in gebiet dat gefoelich is foar ierdskoddings (de lêste gruuten wiene yn 1932 en 1972), orkanen en oerstreamingsis. Bygelyks waard de stêd yn 1998 rekke troch de orkaan Mitch.

Toponymy De namme Managûa komt fan Mana-ahuac, dat yn it Nahuatl 'grinzjend oan wetter' betsjut. La Prensa - Managua Managûa leit oan in grut mar en yn de stêd sels lizze ek noch fjouwer lytsere marren.

Bestjoerlike yndieling Managua is ferdield yn sân distrikten (Spaansk: distritos): distrikt I, II, III, IV, V, VI en VII. Tusken 2000 en 2009 wiene der fiif distrikten, distrikt I en VII wiene der doe net. Dy twa lêsten binne yn 2009 foarme út de oare distrikten. La Prensa - Distrito Uno de Managua “invisible” Dêrfoar wie der ek sân, mar op 1 jannewaris 2000 waard it âlde distrikt I ta de gemeente Ciudad Sandino en it âlde distrikt VII waard de gemeente El Crucero. De distrikten besteane fierders út 596 stedsbuerten en 15 plattelânsdielen. Instituto Nicaragüense de Fomento Municipal

thumb|center|450px|De sân distrikten fan Managûa

Berne yn Managûa Arnoldo Alemán (23 janne2waris 1946), âld-presidint Gioconda Belli (9 desimber 1948), skriuwster Alexis Arguello (19 april 1952 – 1 july 2009), bokser

Claudia Poll (21 desimber 1972), Kosta Rikaansk swimster en olympysk kampioene (1996)

Stêdebannen Amsterdam (Nederlân) Madrid (Spanje)

Keppeling om utens

Kaart fan Managûa city

Kategory:Haadstêd yn Noard-Amearika Kategory:Plak yn Nikaragûa Kategory:Plak stifte yn 1819