thumb|Doumastins (1722) thumb|Doumastate yn 1810 De Doumastins wie in eardere stins yn Langwar yn de gemeente Skarsterlân. Fan de state is neat werom te finen yn Langwar.

De stins is yn de Midsiuwen ûntstien en waard yn 1793 ferfongen of ferboud ta in state. Begjin 1845 is der in Belangrijke Verkooping op Afbraak fan "Douma State te Langweer". De state wurdt omskreaun as Eene uitmuntende in 1793 gebouwde Heeren Huizinge, te Langweer, Douma State genaamd, bestaande in twaalf zoo groote als kleine Beneden en Bovenkamers, waarvan in eenige marmeren Schoorsteenmantels, twee keukens, een Waschkelder en eene groote Kelder, beste Zolders met beschoten Dak, Regenwatersbak, enz., - zeer geschikt aan het Water gelegen om vervoerd te worden. Dy ferkeaping wurdt hâlden nei it ferstjerren op 7 jannewaris 1845 fan eigener Sjoerd Berends Bekema. Yn de Ljouwerter Krante wurdt in bod fan 2730 gûne op het gehiel neamd. Dizze state wurdt dan noch datselde jier ôfbrutsen en wurdt yn Spannenburch wer opboud.

Kategory:Langwar Kategory:State Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Skarsterlân Kategory:Stins of state yn De Fryske Marren Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1845